Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Autosneldyk

Ut Wikipedy
Autodyk SP 160 ynBrazylje

Inautosneldyk,autosnelwei ofautobaan[1] is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autosneldyk hat op syn minst twa stripen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autosneldyk komme. Om gau op in oare autosneldyk te kommen binne derferkearsknooppunten. In autosneldyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autosneldyk mei net stilstien of parkearre wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autosneldyk.

Gronology fan it wichtichste barren

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Skaaimerk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Standertyndieling fan inautosnelwei meisuteldyk enfytspaad. Sjoch de kleure balken en letters boppe-yn.
Read: Dyk (B, D o/m J, K)
Blau: Rydbaan, in fytspaad jildt net as rydbaan
Swart: Rydstripe
A sydberm
B suteldyk
C sydberm
D flechtstripe, útrydstripe
E rydstripe
F spitsstripe
G midstripe
H middenberm
J flechtstripe, ynrydstripe
K fytspaad

In autosnelwei hat op syn minst fjouwerrydstripen (2x2). Dat betsjut dat der twa rydstripen de rjochting binne, dus ienrydbaan de rjochting. De rydbanen wurde skaat troch inmiddenberm mei wol of gjinfangrail. Guon middenbermen binne wiid genôch dêr't derbeammen ofstrewielen yn steane.Oan de rjochterkant fan eltse rydbaan is inflechtstripe fan likernôch 3 meter breed, dy't ornearre is foar stopjen yn gefal fan need of maleur. Der mei net oer de flechtsripe riden wurden of it moast wêze dat it oanjûn stiet by in opstopping offile. Guon autosneldiken hawwe mear rydstripen de rjochting, sa as 2x3 of 2x4. Dêrby is it lykwols dreger foar it ûntwetterjen by wiet waar en ûntstiet der de kâns opakwaplening. Yn Fryslân binne alle autosneldiken lykwols 2x2.

De breedte fan de rydstripen binne almeast 3,50 meter, wylst om de grutte stêden hinne ek wol 3,25 meter binne.

De autosneldiken binne ornearre foar snelferkear en reauwen dy't ûnder 60 km/o ride binne ferbean, allyk fuotgongers, fytsers en bromfytsers.

Op drokke diken wurdt ek wol inwikselstripe yn it midden oanlein, dy't ôfhinklik fan de drokte in bepaalde rjochting iepene wurde kin.

Krusings

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In krusing mei in autosneldyk wurdt ornaris in oansluting neamd. In krusing fan twa autosneldiken of fan in autosneldyk en inautowei (mei fjouwer rydstripen) wurdt troch middel fan inferkearsknooppunt realisearre. In ferkearsknooppunt wurdt hast altyd op ûngelikense hichte boud en kin yn ferskate foarmen boud wêze, sa as bygelyks inklaverblêd,stjerknooppunt, inturbine ofwynmûne. Guon knooppunten binne útfierd as inferkearsplein op gelikense hichte sa asknooppunt De Jouwer fan foar 2017.

Oanslutings fan sekundêre diken mei in autosneldyk wurde útfierd troch middel fan op- en ôfritten fan de autosneldyk ôf. De sekundêre dyk krúst de autosneldyk mei infiadukt of in ûndertrochgong. Yn Nederlân binne der om de 4 of 5 km in ôfrit. As ôfritten ticht efterinoar lizze, dan wurdt de útrydstripe trochlutsen oant de folgjende ôfrit. Dy stripe hjit dan inweeffek. Ek op ferkearsknooppunten yn in foarm fan in klaverblêd binne de op- en ôfritten deun efterinoar en dêrby wurdt gauris inranzjearbaan yn oanlein om trochridend ferkear op de haadrydbaan net te fersteuren.

Kleur

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de measte lannen hawwe de autosneldykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.

Buorden mei in blauwe eftergrûn

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

*) Buorden, dy't inkeld nei de autosneldyk ferwize, binne grien.

Buorden mei in griene eftergrûn

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Autosneldiken yn Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Autosneldiken yn guon lannen (kar-út)

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dútslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Autobahnsysteem yn Dútslân

Autosneldiken ynDútslân besteane út it federaleAutobahn-systeem en guonBundesstraßen, dy't autowegen mei dûbele stripen binne. De federaleAutobahn-systeem bestiet út 13.183 km oan autodyk yn 2020. De DútskeAutobahn hawwe gjin maksimumfaasje, alhoewol't 47% fan de totale dyklingte al in pleatslike begrinzing op de maksimumfaasje hat, sa as bygelyks by stêden en krúspunten. De oanrekommandearre faasje is 130 km/o. De autowegen mei dûbele stripen hawwe lykwols in maksimumfaasje fan 120 km/o of leger. DeAutobahn wurdt nûmere mei in "A".

Feriene Keninkryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Motorways yn it Feriene Keninkryk

Yn itFeriene Keninkryk is in systeem fan autosneldiken (motorway) fan likernôch 3.200 km. Yn 1949 waard deSpecial Roads Act troch de Britske oerheid oannommen en yn 1958 waard de earste part fan deM6 iepene. Yn 1972 wie der yn totaal 1.600 km oanmotorway oanlein. Fan de1970-er jierren ôf kaam der mear tsjinstân tsjin it bouwen fanmotorways en ek de kosten laten der ta dat der kompromissen sletten wurde moasten. In stikmannich ringwegen yn en omLonden hinne waarden skrast en yn 1985 waard deM25, de grutteringwei om Londen hinne iepene as in kompromis. Yn 1996 wie der 3.200 km oanmotorway.Motorways wurde nûmere mei in "M". YnNoard-Ierlân wurdemotorways ek mei in "M" nûmere, mar mei syn eigen nûmeringssysteem. De maksimumfaasjes op demotorways is 70 myl/o (113 km/o).

Feriene Steaten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
US Interstate Highway System

██ Interstates mei twa nûmers

██ Interstates mei trije nûmers

██ Interstates dy't boud wurde sille

It systeem fan autodiken yn deFeriene Steaten is itInterstate Highway System en hat in totale lingte fan krapoan 78.000 km. Yn 1956 waard trochpresidintDwight D. Eisenhower mei it systeem úteinset. Hy rekke yn de kunde mei it lyksoartigeAutobahn-systeem ynDútslân doe't ergeneraal fan deAlliearde striidkrêften yn deTwadde Wrâldkriich wie, en woe soks ek yn de Feriene Steaten realisearje. Der wiene al earder in stikmannich autosneldiken, lykas dePennsylvania Turnpike dy't yn 1940 reekaam. Alleinterstates wurdefreeways neamd, dat wol sizze dat sokke diken allinnich krusings fan ûngelikense hichte hawwe. Ek guon sekundêre diken, lykas dy fan it âldereUS Route-systeem en guon diken dy't ûnder behear fan de steaten binne, wurde asfreeways oantsjutten. De maksimumfaasje ferskilt de steat en kin útrinne fan 65 oant 80 myl/o (104-128 km/0). De nûmering fan deinterstates is even fan east nei west, dy't fan it westen ôf begjint, en ûneven fan noard nei súd, dy't fan it suden ôf begjint.

Frankryk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Autoroute
Autoroute
It systeem fan autosneldiken yn Frankryk: autosneldiken (autoroute) yn giel en autowegen (ekspresdiken) yn read.

ItAutoroute-systeem yn Frankryk bestiet út 11.882 km lingte autosneldiken. It netwurk bestiet hast alhiel út toldiken, útsein om grutte stêden hinne. Bestimmingen oer deautoroute wurde oanjûn yn blau, wylst bestimmings oer meardereautoroutes mei de nûmer fan de dyk oanjûn steane. Toldiken wurde oanjûn mei it tekenpéage (tol). Deautoroute wurdt nûmere mei in "A".

  • Tichteby de krusing fan de A430 en A43yn súdeast-Frankryk
    Tichteby de krusing fan de A430 en A43yn súdeast-Frankryk
  • Tolstasjon op de A2 by Hordain
    Tolstasjon op de A2 by Hordain

Meksiko

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
ItAutopista-netwurk yn Meksiko

De federale autodiken (Spaansk:Carretera Federal) is in autodikesysteem ynMeksiko dy't mei diken fan it bûtenlân en twa of mear steaten mei-inoar ferbynt. In grut part fan it systeem bestiet útautopistas en dy binne dûbelbaans autosneldiken mei krusings fan ûngelikense hichte. Oare diken,supercarateras binne gauris inkeldbaans diken mei krusings fan gelikense hichten. De maksimumfaasje op deautopista is 110 km/o en bytiden ek wol 120 km/o. Op desupercarretetera is er 100 km/o. De nûmering is even fan east nei west, en ûneven fan noard nei súd en dy begjint fan it noardwesten ôf.

  • Mezcala-brêge op federale dyk 95 yn de steat Guerrero
    Mezcala-brêge op federale dyk 95 yn de steatGuerrero
  • Federale dyk 2 by Tehuantepec yn Baja California
    Federale dyk 2 by Tehuantepec ynBaja California
  • Dederale dyk 2 yn Sonora nei in simmerske reinbui
    Dederale dyk 2 ynSonora nei in simmerske reinbui

Nederlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Autosnelweg
Autosnelweg
Autosneldiken yn Nederlân

YnNederlân is der op syn minst 2.758 km oan autosneldyk en autowei mei twa stripen, en mei in tichtens fan 64 km de 1000 km² hat it lân yn fan de measte oerflak autodyk de km² yn de wrâld. Sa'n 2.500 km dêrfan is in folsleine autosnelwei en dy wurde nûmere mei in "A".

De autosneldiken wurde op syn minst mei twarydbanen boud, skaat mei inmiddenberm mei infangrail. Sûnt septimber 2012 waard de nasjonale maksimumfaasje ferhege fan 120 km/o ta 130 km/o. Lykwols omreden fan destikstofkrisis waard de maksimumfaasje yn 2020 weromdraaid ta 100 km/o oerdeis, wylst nachts noch wol 130 km/o riden wurde mei. Motorreauwen dy't stadiger as 60 km/o ride, binne ferbean. Nederlânske diken wurde in soad brûkt troch de hege befolkingstichtens fan it lân. Dêrmei binne der in soad files op de diken. Yn 1979 waard der úteinset mei it pleatsen fan elektroanyske buorden oer de diken hinne dy't wikseljende maksimumfaasjes oanjouwe wannear't der opstoppings ûntsteane. Hja kinne de maksimumfaasje oant 50 km/o ferleegje om sa de ferkearsstreaming better troch gean te litten. Nederlân is it iennige lân dy't it "Tige Iepen Asfalt Beton" wiidweidich brûkt, dêr't wetter effisjint fan drainearje kin.

Súd-Afrika

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Nasjonale rûten yn Súd-Afrika

YnSúd-Afrika bestiet it begrypfreeway sa as yn oare parten fan de wrâld, mar hat in justjes oare betsjutting. Op infreeway binne ornaris fuotgongers, fytsers, bromfytsers of reauwen, dy't lutsen wurde troch bisten, ferbean.Freeways binne diken mei krusings fan ûngelikense hichte en de minimumfaasje is 60 km/o.

De meastefreeways hawwe banen meitwa stripen, wylst der ekfreeways binne mei in inkelde rydstripe. Der is yn Súd-Afrika in totaal 1.400 kmfreeway mei in dûbele stripen, 440 km mei in inkelde rydstripe en 5.300 km sekundêre dyk mei inkelde rydbaan.

Maksimum faasje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
LânMaksimum faasje (km/h)(2003)
Belgje120
Denemark130
Dútslângjin maksimum - oanrekommandearre faasje = 130
Eastenryk130
Finlân120
FSA105/112/121/129leit oan hokker steat it is
Frankryk130
Grut-Brittanje112
Hongarije130
Ierlân120
Japan100
Nederlân130
Portugal120
Sloveenje130
Sweden110120 op de E6
Switserlân120
Tsjechje130

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, literatuer, sjochNotes enReferences op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAutodyk fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Autosneldyk&oldid=1177752"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp