Inautodyk ofautowei is ynNederlân in wei dêr’t allinnich fluchmotorreau op ride meie. Deselde soarte dyk komt ek yn oare lannen foar, bygelyks ynDútslân,Belgje,Ingelân,Noarwegen,Eastenryk,Switserlân,Frankryk enSweden.
Op in autodyk mei net efterút riden wurde, net keare en ek net stilstean as dat net nedich is. Op in autodyk kinne jo te krijen hawwe mei tsjinlizzers en krusend ferkear.
Yn Nederlân leit de maksimumfaasje, of it moat wêze dat oars oanjûn wurdt, op 100 kilometer yn 'e oere bûten de beboude kom. Yn de beboude kom is dat 50 kilometer yn 'e oere. Yn Nederlân, en ek yn Belgje en Frankryk, is in autodyk meastal oanjûn as in N-dyk.
YnFryslân binne de neikommendeprovinsjale wegen autodiken:
De measte fan dy diken binne útfierd as inkelderydbaan, dus mei twarydstripen. In part fan deN356 fanDokkum neiNijegea (deSintrale As), in part fan deN355 fanLjouwert neiHurdegaryp en in part fan deN381 fan itknooppunt Drachten neiEasterwâlde binne útfierd mei indûbele rydbaan (2x2).
DeRykswei 31 is foar in part útfierd as autowei mei dûbele rydbaan fanSurch neiMullum en fanMarsum nei itknooppunt Drachten.