It wurdatol komt fan itDhivehi, in taal dy’t op de Maldiven praten wurdt. Yn dy taal komt it wurdatolhu foar. It wurd waard foar it earst yn itIngelsk brûkt yn1625 asatollon. Letter waard de term ferspraat trochCharles Darwin, dy’t atollen beskreau as it lêste stadium yn de ûntwikkeling fan in eilân yn in oseaan.
Charles Darwin, wrâldferneamd om synevolúsjeteory, wie de earste persoan dy’t úttocht hoe’t atollen ûntsteane. Hy dy’t syn befiningen nei syn reis oan board fan deHMS Beagle (1831-1836)opskreau. Syn omskriuwing wurdt noch hieltyd algemien akseptearre. Syn teory seit dat ferskate soarten fan tropyske eilannen - fan heech fulkanysk eilân nei eilân mei in barriêrerif oant atol – in sekwinsje foarmje fan trepsgewize boaiemfersakkings fan infulkaan ynsee. Hy betocht dat inkoraalrif om in fulkanysk eilân heger wurde sil neigeraden dat it eilân fierder fuort sakket (of deseespegel stiget) en úteinlik liede sil ta in eilân mei in barriêrerif. It omfiemjende rif wurdt in barriêrerif omdat de úterste parten derfan oant krekt ûnder it seenivo stekken bliuwe troch it oanwaaksen fan libbene koralen, wylst de nei de binnen lizzende parten efterbliuwe omdat de groei-omstannichheden dêr minder binne. Nei't dy fuortsakking eroazje of seespegelstiging de fulkaan ûnder wetter ferdwine litten hat bliuwt it barriêrerif bestean. No is der in atol ûntstien. Omdat atollen ûntsteane út koraal, kinne se allinne foarkomme yn tropyske oseanen. Fulkanyske eilannen dy’t bûten de geskikte temperatuersônes lizze wurde ûnderseeske bergen neigeraden se fuort erodearre wurde.
Troch letter ûntwikkelingen, as bygelyks de wurking fan de ierdkoarste of it sakjen fan de seespegel, kin it barre dat in atol him ferheft en de fan de koraalring omfieme lagune wer drûch komt te lizzen. Dan wurdt der sprutsen fan in “ferhege atol”. Foarbylden hjirfan binneNaurû,Niue enHenderson Eilân.
De bewenners fan atollen wurde op grûn fan de stiging fan de seespegel as gefolch fan it opwaarmjen fan de ierde bedrige yn harren fuortbestean. Troch itgat yn de oasonlaach en de tanimmende UV-strielen dêrtroch wurdt nei alle gedachten it koraal fersteurt yn syn waaksdom. De grutter wurdenCO2-konsintraasje yn de atmosfear komt dêr ek noch boppe op, omdat CO2 it oerflaktewetter fan fersuorret.. Dekoalstofdiokside lost op yn it seewetter trochwetterstofkarbonaat te foarmjen, dat wer kalk oantaastet, wat net goed is foar de stabiliteit fan it rif.
Darwin, C. (1842).The structure and distribution of coral reefs - being the first part of the voyage of the Beagle under the command of Capt. Vitzroy R.N. during the years 1832 to 1834. Smith, Elder and Co.: London.
Dobbs, David (2005).Reef Madness : Charles Darwin, Alexander Agassiz, and the Meaning of Coral. Pantheon.ISBN 0-375-42161-0
Fairbridge, R. W. (1950). Recent and Pleistocene coral reefs of Australia.J. Geol., 58(4): 330–401.
McNeil, F. S. (1954). Organic reefs and banks and associated detrital sediments.Amer. J. Sci., 252(7): 385–401.