Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Astrachan

Ut Wikipedy
Astrachan
FlaggeWapen
Polityk
LânRuslân
oblastAstrachan
Sifers
Ynwennertal518.695(2022)
Oerflak208,70 km²
Befolkingstichtens2485,48 ynw./km²
Hichte150 m
Oar
Stifting1558
TiidsôneUTC+4
Koördinaten46° 20' N 48° 02' E
Websidewww.astrgorod.ru

Astrachan (Russysk: Астрахань) is in stêd oan de Wolga yn Ruslân.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De lokaasje wie al sûnt de 6e iuw bekend as in plak tuskenEuropa en lannen oan deKaspyske See, dêr't guod oerslein waard. Dêrfan tsjûget ek de oantsjutting 'astrachan' foar it slaggerige hier fan deKarakul-skiep, dy't dêr in soad ferhannele waarden. Foar in skoft wie it de haadstêd fan itTataarskekanaat Astrachan, mar sûnt de 13e iuw kolonisearren Wolga-Tataren it gebiet en doe stie it bekend as Aschtarchan.

Sûnt 1554 is it gebiet Russysk en yn 1556 liet tsaarIvan de Grousume de âlde stêd platbaarne. De stêd waard 1558 in 12 kilometer súdliker wer opboud as in fort om in strategysk plak op in heuvel, omseame troch deWolga. In Tataarsk-Osmaanske oanfal op de stêd yn 1569 mislearre en yn 1582 waard it houten fort troch in stiennenkremlyn mei acht tuorrren en inkaravaanseray ferfongen.

De stêd yn de 17e iuw (Pieter van der Aa)

Om it kremlyn hinne ûnstiene delsettings (sloboda's) fan Russen, Tataren enArmeenjers. It kremlyn oan de râne fan it Russyske tsareryk moast beskermje tsjin oanfallen fanKozakken, dy't oan deDon,Terek en Wolga wennen, Tataren en oanbuorjende kanaten, lykas itKrim-Kanaat. By de opstân fan 1605-1606 slagge it de Don-Kozakken ûnder Stenka Razin en oermasterje de stêd, mar troepen fan it regear herstelden letter de oarde en troch ferried koeStenka Razin finzen nommen wurde. Op 16 juny 1671 waard er yn Moskou ombrocht.

Yn de rin fan de 17e iuw ûntwikkele Astrachan him fral as oerslachpunt foar de ynternasjonale sidehannel, wylst foar it Russyske Ryk fral sâlt en fisk de belangrykste produkten wiene. Sûnt 1717 waard de stêd de haadstêd fan it gûvernemint Astrachan. In nije ekonomyske stimulâns krige de stêd sûnt 1722, doe'tPeter de Grutte in admiraliteit, in werf, in nije haven en in float bouwe liet. Ek fiskerij op steur brocht in soad wolfeart.

Astrachan rekke yn de 19e iuw ekonomysk yn it neigean. Yn 'e hjerst fan 1823 wie dergoalera-epidemy, de earste kear dat goalera yn Europa fêststeld waard. Yn 1829 wie der in folgjende útbraak fan goalera en wat letter wiene der gefallen ynMoskou. Tsjin it ein fan de 19e iuw brocht de winning fan ierdoalje ynBakû wer opgong.

Yn de Russyske Boargerkriich fan 1918 oant 1920 wie der tusken de Witen en de Readen striid om de stêd. De stêd waard nei de revolúsje troch de bolsjewistyske autoriteiten weryndield by it noardliker lizzende oblast Wolgograd, mar yn 1943 wer haadstêd fan de hjoeddeiske oblast.

As it súdlike útein fan de saneamdeAA-liny, de troch denazy's fêstelde eastlike grins fan itTredde Ryk, wie Astrachan in doel fan de Dútske oanfal op de Sovjet-Uny. Yn 'e simmer fan 1942 bombardearre deLuftwaffe de stêd en de oaljeraffinaderijen. In ienheid fan deWehrmacht nadere Astrachan op 16 septimber 1942 oant op 35 kilometer súdwestlike fan Narimanov, dat nei alle gedachten it meast eastlike punt wie dat de Dútske Wehrmacht yn de kriich wist te berikken. Yn de stêd wie it kamp 204 foar Dútske kriichfinzenen.

De stêd fierde yn oktober 2008 it 450-jierrich jubileum.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Jier18111863189719391959197019791989200220102022
Befolking37.80042.800112.880253.595295.768410.473461.003509.210504.501520.339518.695

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Astrachan hat in kontinintaal steppeklimaat mei hite simmers en kâlde winters. De ekstreemste temperatueren fariëarje fan 41,0 °C simmerdeis oan −33,6 °C winterdeis.

Kultuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Astrachan is ryk oan arsjitektuer en it neamen wurdich binne it kremlyn en ferskillende katedralen en tsjerken, it beursgebou en de gebouwen fan it stedsbestjoer. Fierder hat de stêd seis moskeeën.

De stêd hat meardere musea dy't in besite wurdich binne, lykas in keunstmuseum, in hiemkundich museum, it Museum fan de Twadde Wrâldkriich en it Chlebnikov-Museum.

It nasjonale Opera- en Balletteäter fan Astrachan waard op 27 oktober 2011 iepene, it is ien fan de grutste teäters fan Europa.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis:de:Astrachan


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAstrachan fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Astrachan&oldid=1084543"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp