Gruttes fan de earste tsien planetoïden (op nûmer) fergelike mei de diameter fan deMoanne.Foto fan de planetoïde253 Matilde, n 1997 makke troch deromtesondeNear. Mathilde is wat grutter as 50 km yn trochsneed.
Asteroïden, wêrfan't de grutteren wolplanetoïden neamd wurde, binne stikken matearje yn ús sinnestelsel dy't har' krektasplaneten yn inbaan om de sinne bewege. Der binne wyls mear as 300.000 bekend. Fierwei de measte hawwe banen tusken de planetenMars enJupiter. De grutsten binne hast 1000 km grut, mar fierwei de measten binne sa lyts as stof. Dy lêsten binne mei inteleskoop net te sjen, mar se komme faak asfallende stjerren op ierde del. It materiaal liket faak op stien, mar soms is it izer- of nikkelhâldend en op grutte ôfstân fan de sinne binne der ek iisplanetoïden.
Fan de ierde ôf binne de measte planetoïden te lyts om mar mei inteleskoop details sjen te litten, it binne net mear as ljochtpuntsjes, sa't ek in stjer der útsjocht. Dat is grif ek de reden wêrom't se yn in oantal talen asteroïde neamd wurde.
In planetoïde wurdt eklytse planeet ofasteroïde neamd. De termasteroïde wurdt ornaris brûkt foar in groep lytse himellichems yn ús sinnestelsel dy't in omrinbaan hawwe om ús sinne.Asteroïde (Gryksk foar "op in stjer lykjend") wurd yn de Ingelske literatuer it faakst foar lytse planeten brûkt.DeInternational Astronomical Union brûkt leaverlytse planeet.Guon talen, ek it Frysk, kiezeplanetoïde (Gryksk foar "op in planeet lykjend"). Yn oersettings komtasteroïde faak foar.
In 2006 hat deInternational Astronomical Union de termlyts sinnestelsellichem (small solar system body) ynfierd, dy't de measte hemellichems omfettet dy't eartiids as lytse planeten ofkometen oantsjutten waarden. Tagelyk waard de termdwerchplaneet ynfierd wêryn de grutste lytse planeten en ekPluto yndield waarden.Om dwerchplaneet neamd te wurden moat it himellichem swier genôch wêze om troch syn eigen swiertekrêft in rûne foarm oannomd te hawwen enn moa de omrinbaan om ús sinne wêze. As de massa sa grut is dat der gjin oare meatearje mear uis yn syn omrinbaan dan is sprake fan in planeet.