Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Asdingen

Ut Wikipedy

DeAsdingen ek wolFiktofalen neamd, hearden ta it stamferbân fan deFandalen. Fan likernôch healwei de2e iuw ôf waard dit Eastgermaansk folk ûnderskieden yn trije tûken, nl. de Asdingen, deLakringen en deSilingen.

De oarsaak fan de splitsing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Doe't deGoaten om-ende-by 150 it gebiet fan deLongobarden binnenfoelen, de buorren fan de Fandalen, feroarsake sy dêrmei in lytske folkeferfarren. Trochdat de Longobarden út harren wengebieten ferdreaun waarden, foelen sy op har beurt de Fandalen oan yn Sileezje dy't op drift rekke. Under oanfiering fan twa liedersRaus enRaptus ferlit in part fan de Fandaalse stammen Sileezje. Ynearsten woenen sy harren fêstigje yn itRomeinske Ryk, mar krige dêrfoar gjin tastimming. Nei it mislearen fan de ûnderhannelings mei de Romeinen, foelen sy it gebiet fanKastubokken binnen te noarden fan deKarpaten. De Kastubokken waarden yn172 ferslein en de Fandalen fêstigen har yn harren gebiet. De stammen dy't har yn it westlike part fanTranssylvaanje te wennen sette oan deTeis hite fan dy tiid ôf deAsdingen, de stammen yn it noardlike part deLakringen en it part dat efterbleau yn Sileezje deSilingen.


Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge enfoegje jo witten hjir ta.
Germaanske folkenferoarje
Allemannen ·Ambroanen ·Ampsivaren ·Angelen ·Angrivaarjers ·Asdingen ·Bajuwaren ·Bataven ·Boergonden ·Bruktearen ·Chasuarii ·Dulgubnii ·Fandalen ·Fangionen ·Fisigoaten ·Fosy ·Franken ·Frisii ·Gamaven .Gepiden ·Goaten ·Harii ·Helisjers ·Hermunduren ·Herulen ·Juten ·Kananefaten ·Kimbren ·Kwaden ·Lakringen ·Langobarden ·Lemovjers ·Lugjers ·Manimjers ·Markomannen ·Marobudui ·Mattiakken ·Naharvalen ·Nemeten ·Nervjers ·Ostrogoaten ·Rugjers ·Saksen ·Semnoanen ·Silingen ·Sitones ·Sjamaven ·Sjatten ·Sjauken ·Sjerusken ·Skieren ·Suëven ·Sugambren ·Suiones ·Tenktearen ·Teutoanen ·Toksandrjers ·Treveary ·Triboken ·Tubanten ·Tudry ·Ubjers ·Usipeten ·Volcae ·Warnen
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Asdingen&oldid=799286"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp