Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Arne Jansen

Ut Wikipedy
Arne Jansen yn 2007

Aloisius Gertrudis Gerhardus (Arne) Jansen (Wieken,26 april1951Silvolde,10 desimber2007) wie inNederlânsksjonger.

Biografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Arne Jansen mocht al as jonkje fan njoggen fan muzykútjouwerJaap de Kruyff in tal Dútske singles opnimme. Jansen trede op asAloys Jansen en letterAloys Johnson.[1] Op oanstean fan syn men learde er it kappersfak, mar tagelyk bleau er wurkjen oan in muzykkarriêre, dy't fral opDútslân rjochte wie. Begjin jierren 70 gong er optreden mei de begeliedingsband 'Les Cigales'. Dat late yn 1972 al ta ge grutste hit út syn karriêre:Meisjes met rode haren stie 17 wiken yn deNederlânske Top 40 en 12 wiken yn deDaverende Dertig. It lietsje wie ek opnaam yn de filmTurks Fruit.

Dat earste súkses hat Jansen nea wer helje kinnen, mar hy hie wol in tal lytsere hits yn de jierren 70 en 80, wêr't it fanFrans Bauer enMarianne Weber covereZeven brieven ien fan wie. It lêste hitsje hie Jansen yn 1992, doe'tZeg eens meisje it 34e plak helle. Hy bleau lykwols singles en albums meitsjen en trede er in protte op op feesten dêr't it Nederlânsktalige liet/libbensliet sintraal stie, bygelyks de populêre Mega Piratefestinen. Yn 2000 krige er mei weromwurkjende krêft ingouden plaat foarMeisjes met rode haren, nei't út in nije tellen blykte dat der 150.000 platen fan ferkocht wiene.

Njonken de muzyk trainde Jansen plysjehûnen en hie er instoeterij, dêr't er minihynders fokte.

Jansen stoar mei 56 jier. NeffensMenno Muis die er himsels tekoart. It nûmer "Schaam je voor je tranen niet" fan Jansen waard op syn begraffenis ôfspile.

Diskografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Albums

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Julie
  • 1973:Arne Jansen & Les Cigales
  • 1981:Arne Jansen & Les Cigales
  • 1983:De Grootste Successen Van Arne Jansen & Les Cigales
  • 1985:Zomerzon En Zuidenwind
  • 1991:Dromen Over Liefde
  • 1994:Mijn Jubileum: 20 Grote Successen* 1995:Ik Wil Nog Meer
  • 1996:Liefde Is Geen Spel
  • 1997:Het Beste Van Arne Jansen
  • 1998:De Jaren 90 Hits
  • 2003:Liedjes Die Je Nooit Vergeet
  • 2007:Wat Ik Voel Voor Jou

Dvd

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • 2004:In Griekenland

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Altijd weer die 'Meisjes met rode haren,De Gelderlander, 11 desimber 2007
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Arne_Jansen&oldid=1020099"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp