Yn it arianisme wurdt itdogma fan detrije-ienheid net akseptearre. De oanhingers fan dit leauwen, seagen sawolJezus Kristus as deHillige Geast as skepsels fanGod de Heit, dêr't sy ûnderhearrich oan wienen. Hjirby wie Jezus allinnich ûnderhearrich oan God, wylst de Hillige Geast sawol ûnderhearrich wie oan Jezus as oan God.
It ferskil tusken de ortodoksy en arianisme kaam hjir op del: deortodoksy seit dat Jezus God is, wylst it arianisme sprekt oer godgelikens.
Yn de4e iuw wie it konflikt tusken arianisten en de neifolgers fan it dogma fan de trije-ienheid it grutste striidpunt binnen de tsjerke. Om it konflikt op te lossen waard itKonsily fan Nicea (325) by inoar roppen. De dêr opstelde belidenis fan it Leauwen, alhoewol't it akseptearre waard troch sawol de arianen as de net-arianen, hâlde in feroardieling fan it arianisme yn. Dit fanwege de sin dat de Heit en de Soan "fan deselde substânsje" binne.
Utsein dizze fersmiting bleau it arianisme noch in skoft ynfloedryk. Yn bepaalde perioades wie it sels de oerhearskjende teology. In nije fersmiting folgde op itKonsily fan Konstantinopel (381). Troch hurd tafege fan keizerTheodosius I tsjin de folgers fan it Arianisme, wie dit leauwen by de Romeinen om-ende-by400 sawat útrûge.
Allinnich deFranken bleaunenheidensk oant it westlik Romeinske Ryk - dêr't syfoederaty yn wienen - ferdwine soe. Sy stapten pas let, ûnder keningKlovis oer op itKristlik leauwen, mar oars as by de oare Germaanske folken, hingen sy itRoomske leauwen oan. Dêrby hienen sy in foardiel, want troch dit leauwen soenen sy in bettere oansluting krije mei de foarhinne Romeinske ûnderdanen as oare Germaankse folken.
By de Ariaanske keninkriken bleau lykwols de kleau tusken de Germaanskeeallju en de Romaanske en roomske befolking grut. Yn de roomske tsjerke waard yn itLatyn preke, wylst dit by de Arianen yn itGermaansk dien waard. Yn it Fandalenryk yn Noard-Afrika late dizze tsjinstelling ta in soad geweld en ferfolgings fan de katoliken (alteast neffensGregorius fan Toers, in roomske skriuwer).
De Ariaanske riken gongen lykwols ien foar ien ferlern. De Fandalen en Ostrogoaten waarden troch keizerJustinianus I yn de6e iuw ferneatige en deBoergonden troch deFranken. DeSueben gongen út eigen beweging oer nei it katolisisme, om mear stipe tsjin harren machtige Fisigoatyske buorlju te krijen.
Allinnich de Fisigoaten ynSpanje bleaunen fêsthâlden oan it ariaanske leauwen oant keningRekkared I him bekeare liet ta it katolisisme yn589. Hy woe dêrmei krekt as deSueben syn keninkryk in bettere oansluting krije litte mei lannen om Spanje hinne, ek woe hy de tsjinstellings ûnder syn befolking út 'e wei romje. Dizze oerstap fan Rekkard wie sawol foar it arianisme en de Goatyske taal it begjin fan 'e ein.