Angelica Van Buren | ||
![]() | ||
![]() | ||
echte namme | Sarah Angelica Singleton Van Buren | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 13 febrewaris1818 | |
berteplak | Wedgefield (Súd-Karolina) | |
stjerdatum | 29 desimber1877 | |
stjerplak | New York (New York) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
partij | Demokratyske Partij | |
First Lady fan deFeriene Steaten | ||
amtsperioade | 1839 –1841 | |
foargonger | Sarah Yorke Jackson | |
opfolger | Anna Harrison |
Angelica Singleton Van Buren, berne asSarah Angelica Singleton (13 febrewaris1818 -29 desimber1877) wie de skoandochter fan de 8epresidint fan de Feriene SteatenMartin Van Buren. Sy wie boaske oan syn soan,Abraham Van Buren. Sy ferfolle de rol fanfirst lady om't de frou fan de presidint 17 jier earder ferstoarn wie en hy net op 'en nij troud wie.
Sarah Angelica Singleton waard berne ynWedgefield, ynSúd-Karolina, as dochter fan Richard Singleton en syn wiif Rebecca Travis Coles.
Sy waard grutbrocht yn in heech maatskiplik fermidden en wie troch in houlik besibbe oanDolley Madison, dat Angelica wist har rol as first lady in ferfine beskaafd alluere te jaan. Sy troude mei Abraham Van Buren op27 novimber1838, yn Wedgefield. It pear makke in grutte reis trochEuropa en doe't sy yn 1839 weromkamen, naam sy de plichten fan gastfrou fan itWite Hûs op 'e noed sa lang't har skoanheit presidint wie. Nei't Martin ferslein wie by de ferkiezing fan 1841, giene Angelica en har man neiLindenwald, ynKinderhook (New York). Fan 1848 oant har dea, wenne hja ynNew York.