Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Anekdoate

Ut Wikipedy

Inanekdoate is in koart, fertsjutskjendferhaal oer inpersoan of in opmerklik foarfal of in kombinaasje fan beide. Faak moat it infenomeen of inkaraktereigenskip ferklearje. Anekdoates kinne echt wêze, mar ekfiktyf, want deanekdoatyske útwreiding is in ûnderdiel fanliterêre wurken dat in protte foarkomt. Faak binne anekdoateshumoristysk teltsjes, dy't har fan inmop ûnderskiede trochdat it primêre doel net is om minsken oan itlaitsjen te meitsjen, mar om 'e wierheid oer it ien of oar oan it ljocht te bringen. Alle anekdoates, sawol echt as fiktyf, en sawolliterêr asmûnling oerlevere, hawwe indramatyske foarm en faak subtyl (en soms net sa subtyl) oerdreaune eleminten om 'e taharker of lêzer tefermeitsjen. Yn 'eliteratuer wurdt de anekdoate beskôge as in koarte foarm fanproaza, dy't heart ta it brederesjenre fan itfolksferhaal, krekt as deleginde, itmearke, demyte, demop en desêge.

It wurd 'anekdoate' komt fan itGrykske ἀνέκδοτον,anekdoton, dat letterlik betsjut: "net útjûn". It Grykske wurd krige syn hjoeddeiske betsjutting troch de Ἀνέκδοτα (Anekdota), dy't om560 hinne skreaun waarden trochProkopius fan Caesaréa. Dat wurk, wêrfan't detitel op ûnderskate wizeoerset wurdt as "Net Utjûne Memoires" of "Geheime Skiednis", behannelet in rige koarte foarfallen yn 'ehofhâlding fan 'eByzantynskekeizerJustinianus I. Neitiid waard de oantsjutting 'anekdoate' stadichoan foar al sokke isolearre ynsidinten brûkt, dy't yllustrearje of de klam lizze op lykfol hokker punt dat de ferteller of skriuwer meitsje wol.

Yn itrjocht en ek yn 'ewittenskip sprekt men wol fananekdoatysk bewiis as it bewiismateriaal foar it ien of oar berêst op in anekdoate (oftewol de beskriuwing fan in lossteand foarfal), wêrfan't de krekte wierheid en it ferbân mei de saak dêr't it om giet net meiwittenskiplik ûndersyk neigien wurde kin. Yn dy sin is 'anekdoatysk bewiis' it tsjinstelde fanwittenskiplik bewiis. It wurdt dêrom rûnom beskôge as ûnderbouwing fanhypotezes dy't mar sa-sa is. Nettsjinsteande dat kinne anekdoates dochs weardefol wêze foar wittenskiplik ûndersyk om't de waarnimmings fan opmerklike foarfallen tsjinje kinne as begjinpunt fan ûndersyk neffens dewittenskiplike metoade.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Anekdoate&oldid=940508"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp