Zorn waard berne yn it doarp Yvraden, ynMora,provinsjeDalarna. Hy waard grutbrocht op de buorkerij fan pake en beppe yn Yvraden en gie nei de legere skoalle yn Morastrand; dêrnei gie er yn de hjerst fan 1872 nei in middelbere skoalle ynEnköping.
Hy studearre oan de Keninklike Sweedske Akademy foar Keunsten ynStockholm, fan 1875-1880. Zorn makke in soad reizen neiLonden,Parys, deBalkan,Spanje,Itaalje en deFeriene Steaten, krige ynternasjonaal súkses en waard de meast frege skilder fan syn tiid. Syn iere wurk wiene faak heldere akwarellen, mar al yn 1887 wie er wisberet oergien op oaljeferveskilderijen. Zorn makke portretten, skilderijen oer it plattelânslibben en de gewoantes dêre. Zorn is ek ferneamd wurden troch syn neakens en de realistyske, libbene ôfbylding fan wetter (weagen).
It wie yn it foarste plak syn betûftens as portretskilder dêr't er faak, ynternasjonaal, om frege waard; hy ferstie de keunst om it yndividuele karakter fan de portrettearde stal te jaan. Syn ûnderwerpen wienen trije Amerikaanske presidinten by, ûnder oarenGrover Cleveland yn 1899. Mei 29 jier waard Zorn ridder fan itLégion d'honneur by gelegenheid fan de Wrâldtentoanstelling yn 1889 teParys.
Zorn rekke tige begoedige en boude in mânske samling keunst op. Hy kocht op syn bûtenlânske reizen.Anders en Emma Zorn hawwe yn harren testamint harren hiele besit oan de Sweedske steat dien.
Wichtich wurk is te sjen yn it Nasjonaal Museum fan Skoandere Keunsten yn Stockholm. Oare museums dy't keunst fan Zorn op 'e noed hawwe binneMusée d'Orsay ynParys en itMetropolitan Museum of Art ynNew York. DeZorn Samlings (Sweedsk:Zornsamlingarnain) ynMora, is in museum hielendal wijd oan it wurk fan Anders Zorn. It waard ûntwurpen trochRagnar Östberg en iepene yn 1939.