Deanatomy (fan it Grykskeanatome, fanana-temnein, yn stikken snije) ûndersiket en beskriuwt de foarm en bou fan libbene wêzens en har útwendige en ynwendige struktueren.
Defergelykjende anatomy sjocht nei oerienkomsten tusken ferskillende soarten, meast om de mjitte fan oerienkomst fêst stelle te kinnen. Dy oerienkomsten foarmje in wichtich helpmiddel foar detaksonomy.
De measte anatomen betsjinne har fan itLatyn om maklik mei wittenskippers yn oare talen kommunisearje te kinnen. Foar de minske is der in algemien akseptearre terminology, determinologia anatomica, fêststeld troch it FCAT,Federative Committee of Anatomical Terminology.
Oare (eardere) anatomyske terminologysystemen binne neamd nei it plak dêr't de gearkomste hâlden is, wêryn se fêststeld binne: