Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Anargisme

Ut Wikipedy
Politike ideology
Side út de rigepolityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

ItAnargisme is in politike streaming dy't as radikaal bekôge wurdt en ûntstien is út itsosjalisme. Karakteristyk foar it anargisme is dat it gjin inkele foarm fan gesach of macht erkend. It tinken dat hjir efter leit is dat eltse foarm fan gesach úteinlik ta machtsmisbrûk liede sil. Neffens dyideology soenen minsken harsels bestjoere moatte middels lytse selsbestjoerende mienskippen dêr't elkenien gelyk is oan inoar. YnRuslân dêr't dizze wize foar it earst yn de20e iuw foarm krige, waard sokssowjets neamd. Der wurde twa foarmen fan anargisme ûnderskieden: in gewelddiedige en in net gewelddiedige foarm; de gewelddiedige foarm is wol it meast ferneamd wurden. De net-gewelddiedige rjochting lei de klam op tsjinstwegering.

By de opkomst fan it sosjalisme wie it anargisme in frij sterke sydstreaming. Spoaren fynt men ynDe Klok enMorgenrood. Doetiids krijt ekLev Tolstoj in soad omtinken.

Fryske anargisten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Anargisme krige yn Fryslân in soad oanhing trochFerdinand Domela Nieuwenhuis, dy't troch de arbeiders 'Us Ferlosser' neamd waard. Benammen yn de jierren foar deTwadde Wrâldkriich krige it anargisme oanhing yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Nei deoarloch waard de oanhing folle lytser. De Feraasje fan frije sosjalisten, wêr't de anargisten yn it Noarden har yn feriene hiene, hienen yn1918 in terrein yn de bosken byAppelskea, dêr't jierliks mei de pinksterdagen in lândei hâlden wurdt. Dêr wie op 16 en 17 maaie 1970 it lanlike kongres "Anti-autoritaire opposistie nu", mei as sprekkers ûnder oarenRoel van Duyn enOtto Boetes.
Predikanten asLouis Adrian Bähler fanSkiermuontseach,Sibillus Catharinus Kylstra fan DeRottefalle neame har kristen-anargist. Ek stypje hja de koloanje ynBlaricum (Ynternasjonale Bruorskip).
Ek deBruorren Hogerhuis binne anargisten. Der wennen in soad fan ynIt Bilt en de Feanstreken. Yn deEarste Wrâldoarloch docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder.

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Imke Klaver -Herinneringen van een Friese landarbeider (1974)
  • Douwe de Wit -Overdenkingen van een arbeidersjongen (1974)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Anargisme&oldid=749404"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp