Amy Ried | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Amy Reid, Amy Reed, Devin Valencia | |
echte namme | Amy Ried | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 15 maart1985 | |
berteplak | Frankfurt (Dútslân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel,stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
www.amyriedxx.com |
Amy Ried (Frankfurt,15 april1985), is inAmerikaanskneakenmodel,stripper,pornografysk aktrise enpornoregisseur, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Devin Valencia en wa har namme oft ek wol stavere wurdt as "Amy Reid" of "Amy Reed". Hja stammet ôf fan 'eYndianen, deCajuns (deFrânsktalige kolonisten fan 'eMississippy (rivier)Mississippydelta) en fanDútske ymmigranten.
Ried waard berne yn itDútskeFrankfurt, dêr't har heit doedestiden as Amerikaansk soldaat stasjonearre wie. Doe't se ien jier âld wie, waard har heit oerpleatst nei súdlikKalifornje en ferfear it gesin dêrhinne. Dat wie wêr't Ried opgroeide en wêr't se letter twa jier langmeganyske boukunde studearre oan 'eKalifornyske Polytechnyske Steatsuniversiteit Pomona (California State Polytechnic University, Pomona).
Amy Ried makke yn2005, doe't se tweintich jier wie, hardebút yn 'epornografyske filmYoung Ripe Mellons 7. Sûnt hat se neffens deInternet Adult Film Database (IAFD) yn 220 pornofilms spile, wylst se der ek twa sels regisearre hat. Yn oktober2007 tekene se in kontrakt meiThird Degree Films; yn oktober2009 stapte se oer neiNew Sensations. Se hat net minder as trijeAVN Awards (deOskars fan 'e pornowrâld) wûn, twa yn2007 en ien yn2010. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 54 kg.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2007 | FAME Award | wûn | favorite froulike nijynkommeling | n.f.t. |
AVN Award | wûn | bêste anale sekssêne | Breakin' 'Em In #9 | |
wûn | bêste striptiis | My Plaything: Amy Ried | ||
2008 | Adam Film World Guide Award | wûn | kontraktstjer fan it jier | n.f.t. |
2010 | AVN Award | wûn | bêste sekssêne mei in pearke | 30 Rock: A XXX Parody |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |