Amy Pieters | ||
![]() | ||
![]() | ||
Amy Pieters (2017) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amy Pieters | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 1 juny1991 | |
berteplak | Haarlim | |
lingte | 1.64 m | |
gewicht | 58 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen, Baanhurdfytsen | |
O.S. | Londen 2012 Tokio 2020 | |
debút | 2010 | |
karriêre-ein | 2021 | |
wichtige prestaasjes | ||
Dykhurdfytsen![]() ![]() ![]() ![]() Baanhurdfytsen ![]() ![]() ![]() | ||
offisjele webside | ||
Webstee fan Amy Pieters |
Amy Pieters (Haarlim,1 juny1991) is in earderNederlânskhurdfytster. Se wie sawol op de dyk as op de baan aktyf. Pieters kaam sûnt2017 út foar de Nederlânske hurdfytsploechBoels Dolmans Cycling Team, dat sûnt1 jannewaris2021Team SD Worx neamd wurdt. Hjirfoar ried se in jier by it BritskeWiggle High5 en fiif jier foarLiv-Plantur. Pieters is in dochter fan âld-hurdfytserPeter Pieters en in suster fanRoy Pieters.
Yn2006 waard se kampioen op it omnium op de baan en de yndividuele tiidrit op de dyk. Dêrneist waard se twadde yn de nasjonale dykwedstriid. Yn2007 waard se kampioen op de dyk en twadde op de tiidrit, noch hieltyd by de nijelingen. Datselde jier waard se lykwols op de baan ek kampioene op de 500 meter, yndividuele efterfolging, keirin en puntekoers en twadde op descratch.
Yn 2008 wûn se nochris de 500 meter, efterfolging, keirin en puntekoers, mar waard diskear ek kampioen op de scratch. Op de dyk waard se yn beide wedstriden twadde. Se wist it tredde plak te feroverjen op de Europeeske kampioenskippen puntekoers foar junioaren. Bykommende útslaggen wiene it tredde plak yn de Omloop fan Borsele foar junioaren en it tredde plak yn de Seisdaagse fan Amsterdam, tegearre meiLotte van Hoek.
Yn2009 waard se ynKeappenhaven twadde op de ploege-efterfolging yn in wedstriid om de wrâldbeker, meiVera Koedooder enEllen van Dijk. Op 'e wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen foar elite waarden se fjirde. Se waard twadde op it Nederlânsk kampioenskip tiidriden foar junioaren en opnij tredde yn de Omloop fan Borsele foar junioaren.
Yn2010 ried se foar it earst as professional. Har earste prestaasje wie in fiifde plak op it wrâldkampioenskip op de ploege-efterfolging. Foar2011 feroare se fan team, se kaam doe út foar Argos-Shimano. Op deOlympyske Spullen fanLonden2012 kaam Pieters op de baan út op de ploege-efterfolging mei Ellen van Dijk,Kirsten Wild en Vera Koedooder en waard dêr 6e.
Op de dyk wûn Pieters yn2014 deOmloop Het Nieuwsblad, de 2e etappe yn deLadies Tour of Katar en yn2015 de prolooch yn deRoute de France. Ek behelle se eareplakken yn deOmgong fan Drinte,La Course,Holland Hills Classic,Le Samyn enOpen de Suède Vårgårda.
Op21 maaie2018 wûn Pieters de tredde etappe yn deBaskyske etappekoersEmakumeen Bira. De hurdfytser fan Boels-Dolmans fersloech yn de etappe oer 114,5 kilometer mei start en finish ynAretxabaleta deSweedskeEmilia Fahlin en deDútskeClara Koppenburg yn de einsprint fan in kopgroep besteande út njoggen fytsters. Har oerwinning wie de tredde Nederlânske oerwinning op rige yn de Baskyske etappekoers meiteljend yn deUCI Women's World Tour.
Op7 augustus behelle se, krekt as it jier dêrfoar, brûns yn de koppelkoers op it EK baanhurdfytsen mei Kirsten Wild. Op25 augustus wûn Pieters deBretonske World-TourwedstriidGP Plouay trochMarianne Vos enCoryn Rivera te ferslaan yn de sprint.
Op2 maart2019 wûn Pieters tegearre mei Kirsten Wild de koppelkoers by it Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen yn de Poalske stêdPruszków. Op10 augustus fan dat jier waard se ynAlkmar Europeesk kampioene yn de dykwedstriid.
Op23 desimber2021 kaam Pieters yn itSpaanskeCalpe, by in training mei de baanploech te fallen. As gefolch fan dit ûngelok lei Pieters fjouwer moanne ynkoma. It ûngelok, dêr 't se bliuwendharsensletsel oan oerhold, betsjutte de ein fan Amy Pieters har karriêre as hurdfytster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|