Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ammoniak

Ut Wikipedy
Struktuerformule fan anmmoniak
Molekúlmodel fan ammoniak
Floeibere ammoniak yn in drukflesse

Ammoniak is ingas en is inanorganyske ferbining fanstikstof enwetterstof mei deskiekundige formule NH3. It wurdt trochminsken enbisten útskaat, nei it ôfbrekken fanaaiwiten en it tefolle oan stikstof, dat út it lichem troch de nieren ôffierd wurdt, yn de foarm fanureum. It is in wichtich tuskenprodukt foar it opbouwen en ôfbrekken fanaminosoeren.

Ammoniak is by keamertemperatuer in kleurleas, fergiftich en brânbergas mei in sterk prykjende geur. It gas is yn grutte hoemannichten (oant 33% fan de massa) op te lossen yn wetter.

NH3+H2ONH4++OH{\displaystyle {\ce {NH3 + H2O <=> NH4+ + OH^-}}}

Dy oplossing is ferneamd asammoania,fertinne ammoniak, en is intsjinsoer. De oplosreaksje is in foarbyld fan in soer-tsjinsoerreaksje.

Reaksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ammoniak wurdt yn fabriken makke trochhydrogenearring fanstikstof út de loft, ûnder hege druk mei help fan inkatalysator neffens itHaber-Boschproses.

N2+3H22NH3{\displaystyle {\ce {N2 + 3 H2 -> 2 NH3}}}    ΔH2980=92,2 kJ/mol{\displaystyle \ \ \ \ \Delta H_{298}^{0}=-92,2\ {\text{kJ/mol}}}

Ammoniak wurdt ek útskaat as einprodukt fan it fertarjen fanaaiwyt troch guon yn it wetter libjendebisten. Ut gewoane natuerlikedong komt ek ammoniak frij. Benammen dehydrolyze fanureum is ferantwurdlik foar it foarmjen fan ammoniak.

(H2N)2CO+H2O2NH3+CO2{\displaystyle {\ce {(H2N)2CO + H2O -> 2 NH3 + CO2}}}

Fersuorring

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ammoniak dat oplost yn wetter (ammoania), is in tsjinsoer. Mar lykwols troch de stadigeoksidaasje troch de loft, wurdt ammoniak omsetten tastikstofmonokside. It ûntstiene stikstofmonokside wurdt mei help fan soerstof en wetter omsetten ta salpetersoer. Der ûntstiet dan soere rein dy't de boaiem fersuorret.

4NH3+5O24NO+6H2O{\displaystyle {\ce {4NH3 + 5 O2 -> 4 NO + 6 H2O}}}
3NO2+H2O2HNO3+NO{\displaystyle {\ce {3 NO2 + H2O -> 2 HNO3 + NO}}}


In oare boarne fan it fersuorjen en fan it eutrofiearjen is it útstjitten fan SO2 en NOx. NOx ûntstiet as it gefolch fan in lykwichtsreaksje tusken loftstikstof (N2) en soerstof (O2) ta NO2 as gefolch fan de hege temperatuer by ferbaarningsgassen lykas yn ferwaarmingstsjettels en ferbaarningsmotors.


Gebrûk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ammoniak dat oplost wurdt ynwetter, wurdtammoania offertinne ammoniak neamd. Dy oplossing wurdt gauris as in middel foar it himmeljen brûkt, sa as bygelyks âlde ferve, sa't der oerhinne ferve wurde kin. Op âlde ferve sit in lytse laach fet en fet lost op yn in ammoniakoplossing, om't yn fet soer sit en de ammoniakoplossing in tsjinsoer is.

Ammoniak wurdt ek brûkt as middel foar it kuoljen en it is in wichtich part foar it meitsjen fankeunstdong. It wurdt ek brûkt as brânje yn ferbaarningsmotors en dat leveret gjinkoaldiokside en gjinstikstofoksiden.

4NH3+3O22N2+6H2O{\displaystyle {\ce {4 NH3 + 3 O2 -> 2 N2 + 6 H2O}}}

Brûkers fan kokaïne brûke ammoniak en hjitsje de kokaïne ta crack, dêrnei't de hjitte kokaïne opsmookt wurde kin.

It siedpunt faan ammoniak is −33°C.

Yn de natuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ammoniak spilet in dûbele rôl wat itmiljeu oanbelanget. Oan iene kant is ammoniak (NH3) dat yn wetter oplost in tsjinsoer en wurdt it yn 'e loft yn reindrippen of mist omsetten ynammoanium-ioanen (NH4, dêr't it soer neutralisearre wurdt. In part fan it swavelsoer en salpetersoer, dat yn de loft oanwêzich is, wurdt op dy manier troch ammoniak neutralisearre. Oan de oare kant kinne ammoniak en ek de ammoanium-ioanen, nei't se op deboaiem del komme, trochbaktearjes ynsalpetersoer omsetten wurde, dat dan júst wer fersuorjend wurket.

It einbeslút fan dy twa prosessen is, dat it fersuorjen (it tanimmen fan H+) fan de boaiem ta liket te nimmen. Yn Nederlân is likernôch 30 persint fan it fersuorjen fan it miljeu it gefolch fan ammoniak.

Ammoniak kin ek liede ta ferdonging ofeutrofiearring. Ammoniak kin, kreksa as it lossen fan ôffalwetter dat tefollenitraat enfosfaat befettet, yn it oerflaktewetter in tefolle oan fiedingsstoffen feroarsaakje. It waaksen fangrienwier yn it wetter kin tige rap tanimme, dat oan de ein fan it groeiseizoen, as it grienwier ôfstjert en begjinne te ferrotsjen, ta it ûntbrekken fansoerstof (hypoksy) liede kin. Om't grienwier allinne oerdeis soerstof makket en yn it tsjuster soerstof ferbrûkt kin der hypoksy optrede as by tefolle grienwier nachts soerstof fan it oerflaktewetter ûntlutsen wurdt. Dat eutrofiearjen fynt ek op it lân plak. Planten dy't it goed dogge op dongryk grûn, sa as bygelyksbrânnettels, krije de oerhân, wylst planten op skraal grûn ferdwine. Ta einbeslút kin it út ammoniak ûntstiene nitraat it grûnwetter fersmoargje. Ammoniak kin ek ûntsnappe út feestâlen wei en nei it bedongjen fan it lân (emisje). Fanút 'e loft komt it ammoniak yn de boaiem of it wetter telâne (deposysje).

It effekt fan it útstjitten fan ammoniak yn de natuer kin metten wurde oan 'e hân fan de hoemannichte oanwêzigens fan bepaaldekoarstmoassen.

Yn de lânbou

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Sûnt de ein fan detweintichste iuw hat de feehâlderij, dy't hieltyd modernisearje moast, yn Nederlân op oantrunen fan de ryksoerheid in soad dien en kring de belêsting fan it miljeu troch ammoniak werom. Sa waard it ferplichte en suverje de lucht dy't de stâl ferlit (luchtwaskers) en wurdtdongjarre allinne noch mar yn de grûnynjektearre. Ek troch it brûken fan bepaalde dongsilo's wurdt it útstjitten beheind. Tusken1990 en2015 is it útstjitten fan ammoniak út de lânbou dêrtroch mei 68 persint sakke. Undernimmers mei in bedriuw dy't tichte by in gefoelich gebiet sitte, krije troch finânsjele stipe it oanfjurjen en ferpleats harren bedriuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ammoniak&oldid=1091210"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp