Amerongen | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() | ![]() |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 5.420(1 jannewaris 2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52° 0' 9" NB, 5° 27' 39" EL |
Amerongen is in doarp en eardere gemeente yn de gemeenteUtertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan deNederlânske provinsjeUtert. Amerongen leit oan de foet fan deAmerongske Berch by deNederryn. De berch is part fan deUtertske Heuvelrêch, dy't sûnt2003 innasjonaal park is. Amerongen hie yn 2021 5.420 ynwenners. De eardere gemeente hie in oerflak fan goed 3.000 bunder.
Amerongen waard foar it earst neamd yn1126. Yn demidsiuwen hie de hearlikheid Amerongen twa hearen. It laach Abcoude en de domproasdy fan Utert hiene in oandiel. Letter waard de hearlikheid ferparte, dêr't de domproast by yn it besit fanLeersum kaam, en de hearen fan Rede krigen it oare part. De domproast ferkocht syn part yn1632 oan deprins fan Oranje.
Yn deTachtichjierrige Kriich fûn op23 juny1585 de Slach by Amerongen plak, dêr't deSteatske troepen troch de Spanjerts ferslein waarden.
Yn de omkriten fanElst leit de Galgeberch. Dy namme ferwiist nei it feit dat der in galge stien hat. De galge wie allinnich ornearre as in symboal. De iennige deastraf dy't yn Amerongen útfierd waard, wie in eksekúsje yn1687 mei in swurd op in dêrfoar ynrjochte skandesteger.
Amerongen wie in agraryske mienskip. Deskiep op itheidelân fan de Heuvelrêch leverendong foar deikkers. Boppedat waarden de uterwaarden nei it bedykjen mei syn fruchtberrivierklaai ek tige gaadlik foar delânbou. Fan de santjinde oant de tweintichste iuw wie der yn Amerongen tabakstylt. Der binne noch in tsiental karakteristike tabakskuorren fan dy snuorje yn it doarp.
Oant 1 jannewaris 2006 wie Amerongen in selsstannige gemeente, dêr't ek de kearnenElst (foar in part) enOverberg ûnder foelen. Sûnt dy tiid is Amerongen part fan de nije gemeenteUtertske Heuvelrêch, dy't ek út de doarpenLeersum,Doarn,Maarn, Overberg,Maarsbergen enDriebergen-Rijsenburg bestiet. By dy gemeentlike weryndieling waard it Amerongske part fan Elst by de gemeenteRhenen foege.
Amerongen is ferneamd om itKastiel Amerongen, dat justjes súdlik fan it doarp yn de uterwaarden leit. It kastiel waard yn it rampjier fan1672 folslein ferwoastge troch defrânsen en waard letter yn de hjoeddeistige styl weropboud. De lêste keizer fanDútslân,Wilhelm II, hat oardel jier útfanhuze yn it kastiel ear't er neiHûs Doarn ferhuze. Op28 novimber1918 tekene er yn Kastiel Amerongen dat er ôfstân fan 'e troan die. It kastiel is hjoed-de-dei in museum mei in moaie kastieltún.
Op in útrinner fan 'e Amerongske Berch stiet, tsjin de uterwaarden oan en tichteby it kastiel, stiet deAndriestsjerke, inletgoatyske tsjerke dêr't de boustyl fan de toer by ôflaat is fan UtertskeDomtoer. De Protestantske Gemeente Amerongen-Overberg is de eigener fan de tsjerke. De tsjerke is te besichtigjen en der wurde rûnliedings jûn.
Justjes noardlik fan de Andriestsjerke is it Tabakmuseum, dêr't de skiednis fan de tabaktylt yn útstald is.
Fjouwer kilometer by de stream del leit súdwestlik fan it doarp it Kear- en slûzekompleks Amerongen yn de Nederryn.
In part fan it doarp isbeskerme doarpsgesicht. Fierder binne der yn it doarp in soadryksmonuminten engemeentlike monuminten.
Der lizze ferskate heuvels fan de Utertske Heuvelrêch by Amerongen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
![]() | Utertske Heuvelrêch | ![]() |
---|---|---|
Doarpen: Amerongen •Doarn •Driebergen-Rijsenburg •Leersum •Maarn •Maarsbergen •Overberg | ||
Buorskippen: Darthuizen •Driebergen •Rijsenburg •Sterkenburg | ||
![]() ![]() ![]() |