Inambassadeur (froulike foarm:ambassadrise) is in offisjele gesant, yn 't bysûnder dediplomaat mei de heechste rang dy't it regear of desoeverein fan 'e ienesteat fertsjintwurdiget yn it regearingssintrum fan 'e oare steat, en foar de belangen fan syn thússteat en de boargers fan syn thússteat opkomt. Ek de heechse gesanten by wichtige ynternasjonale organisaasjes, lykas deFeriene Naasjes, wurde ambassadeurs neamd. Bûten diplomatike fermiddens om wurdt de term ek wol ynformeel brûkt om lju oan te tsjutten dy't harrenberop,sport of oare aktiviteit yn 'emedia fertsjintwurdigje sûnder dat se yn dy posysje oansteld binne.
'Ambassadeur' is inlienwurd út itFrânsk, dat it ûntliende oan itAlditaljaanskeambassatore ofambassadore, dat fan itAldprovansaalskeambaisador kaam. Dat wie inferbûging fanambaissa, dat "tsjinst", "missy" of "boadskip" betsjutte, dat wer ûntliend wie oan itGoatyske 𐌰𐌽𐌳𐌱𐌰𐌷𐍄𐌹,andbahti ("tsjinst", "funksje"), fan itProto-Germaanske *ambahtiją ("tsjinst", "hoedanichheid"), in ôflieding fan it Proto-Germaanske *ambahtaz ("tsjinstfeint"). Dat wie wer ûntliend oan itGallyskeambaxtos, fan itProto-Keltyske *ambaxtos ("tsjinstfeint"). Uteinlik giet itwurd 'ambassadeur' sa werom op itProto-Yndo-Jeropeeske *h₂mbʰi-h₂eǵ- ("omhinne driuwe"), fan *h₂mbʰi- ("omhinne") en *h₂eǵ- ("driuwe").[1]
It meast wurdt de namme 'ambassadeur' lykwols noch altyd brûkt foar de fertsjintwurdiger fan it iene lân yn 'e haadstêd fan it oare lân, dy't dêr as syn residinsje in beskaat stikje grûngebiet fan 'e gaststeat hat, besteande út in gebou mei mooglik noch wat grûn deromhinne. Dat wurdt deambassade neamd. It grûngebiet fan 'e ambassade wurdt troch de gaststeat offisjeel ôfstien, foar de tiid dat de ambassade dêr fêstige is, oan it lân dat troch de ambassadeur fertsjintwurdige wurdt. Net inkeld it grûngebiet fan 'e ambassade, mar ek de wurknimmers en fiertugen dêrfan hawwe yn 'e regeldiplomatike ymmuniteit, wat sizze wol dat op it grûngebiet fan 'e ambassade de wetten fan 'e gaststeat net jilde, en dat de wurknimmers fan 'e ambassade net ferfolge wurde kinne ûnder dewetten fan 'e gaststeat.
Hoewol't gesanten fan it iene lân nei it oare fansels al sa lang foarkomme as der diplomasy bestiet, waard de funksje fan ambassadeur mei syn rjochten en plichten foar it earst fêstlein troch itKongres fan Wenen, fan1815. Dêrby waard der oarspronklik fan útgien dat ambassadeurs de persoanlike fertsjintwurdigers fan 'eútfierende macht (oftewol demonarch) wiene, ynstee fan dat se it hiele lân fertsjintwurdigen. Harren rang joech ambassadeurs doedestiden it rjocht om fan persoan ta persoan mei de monarch fan it gastlân ûnderhanneljen. Fral yn 'enjoggentjinde iuw bestie der noch in rangoarder ûnder de ambassadeurs, wêrby't de fertsjintwurdigers fan grutte, machtige lannen mei folle mearégards behannele waarden (en der ek op stiene om sadanich behannele te wurden) as de fertsjintwurdigers fan lytsere of earmere lannen. Sûnt1945 wurde alle ambassadeurs lykwols erkend as inoars gelikensen. Foar't de moderne kommunikaasjemetoaden ûntwikkele waarden, waard fanneeds faak folle mear macht oan ambassadeurs tabetroud as dat tsjintwurdich it gefal is.