Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ambassade

Ut Wikipedy
DeNederlânske ambassade ynDútslân (Berlyn).

Inambassade (fan itFrânskeambassade; sjoch foar fierdereetymology:ambassadeur) is indiplomatike fertsjintwurdiging fan ienlân yn in oar lân, dy't laat wurdt troch inambassadeur. Mei de oantsjutting 'ambassade' kin it eigentlikegesantskip (besteande út diplomatyk personeel) bedoeld wêze, mar der wurdt ek wol inkeld itgebou mei bedoeld dêr't dat gesantskip yn húsfêste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Ambassades befine har yn 'e regel yn 'estêd dêr't it regear fan it gastlân syn sit hat. Dat hoecht net altyd ek dehaadstêd te wêzen; ynNederlân, bygelyks, binne de measte bûtenlânske ambassades ynDe Haach fêstige. Yn grutte gastlannen hat it thúslân soms njonken in ambassade ek noch ien of mearkonsulaten, dat legere diplomatike fertsjintwurdigings binne. As lannen in problematyske relaasje hawwe en dêrom gjin ambassadeurs útwikselje, kin it foarkomme dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is. Ambassades falle bestjoerlik ûnder it Ministearje fan Bûtenlânske Saken fan it thúslân.

Doelen en omstannichheden

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It doel fan in ambassade is omkommunikaasje en ûnderhannelings tusken de beide belutsen lannen mooglik te meitsjen, en omkulturele útwikseling te fersoargjen. Ek fungearje ambassades as it oansprekpunt foar steatsboargers fan it thúslân dy't yn it gastlân ferbliuwe, bgl. foarfakânsje, stúdzje of saken. Under kêst 22 fan itFerdrach fan Wenen oangeande Diplomatyk Ferkear, út1961, genietsje sawol it terrein dêr't de ambassade op fêstige is as de residinsje fan 'e ambassadeurdiplomatike ymmuniteit. Yn 'e praktyk betsjut soks dat de autoriteiten fan it gastlân it ambassadeterrein en de ambassadeursresidinsje pas betrêdzje meie as se dêr tastimming foar hawwe fan 'e autoriteiten fan it thúslân (yn 'e measte gefallen yn 'e persoan fan 'e ambassadeur). Dêrfan wurdt gauris gebrûk makke troch lju dy't it gastlân ûntflechtsje wolle; hja kringe dan de ambassade fan in oar lân binnen en freegje dêrpolityk asyl oan.

DeNederlânske ambassade ynEstlân (Tallinn).

It is in misferstân dat ambassades lytse stikjes grûngebiet binne dy't it gastlân tydlik ôfstien hat oan it oangeande thúslân. Ambassades genietsje dan wol diplomatike ûnskeinberheid, mar se hearre noch hieltyd ta it grûngebiet fan it gastlân. Wa't bgl. inmoard begean soe yn 'eNederlânske ambassade ynParys, soe pas troch deFrânskeplysje arrestearre wurde kinne as de Nederlânske ambassadeur dêr tastimming foar joech, mar hy soe noch altyd ûnder it Frânskerjocht terjochtstean moatte, om't er synmisdriuw op Frânsk grûngebiet begien hawwe soe.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Foar deEarste Wrâldoarloch hiene inkeld grutmachten ambassades, wylst alle oare lannengesantskippen ûnderholden, dy't ek wol legaasjes neamd waarden. Gesantskippen waarden laat troch gesanten, dy't yn itprotokol leger yn achting stiene as ambassadeurs. Grutmachten wegeren omambassadeurs fan lytsere lannen te ûntfangen, om't dat ynhâlde soe dat se dan ek in ambassadeur weromstjoere moatte soene, en ambassadeurs genoaten doedestiden in hiel heech ynkommen en fierden in grutte steat. It wie dus folle foardieliger om in gesant te stjoeren.

Geandewei de earste helte fan 'etweintichste iuw ferdizene it ûnderskie tusken ambassades en gesantskippen en tusken ambassadeurs en gesanten. Doe't guon lannen har gesantskippen begûnen op te wurdearjen ta ambassades, moasten alle oaren dêr wol yn meigean om protokollêr net yn it neidiel te reitsjen. Nederlân ferhefte yn1942 syn gesantskippen ynGrut-Brittanje en deFeriene Steaten ta ambassades, en nei ôfrin fan 'eTwadde Wrâldoarloch dy yn alle oare lannen ek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Bronnen, noten en referenties, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryEmbassies fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ambassade&oldid=977127"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp