Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Ambachtsskoalle

Ut Wikipedy
Ofdieling timmerjen, ambachtsskoalle Snits

Deambachtsskoalle wie oant likernôch1968 in skoaltype ynNederlân.

De ambachtsskoalle wie fan1865 ôf de namme fan in groep fan skoallen foar deiûnderwiis. Der waard oplaat foarambacht enyndustry. It skoaltype wie populêr by dejingen dy't earder nei delegere skoalle hast gjin mûglikheid hienen om fierder te learen. Mei de it ferlingen fan delearplicht hat de ambachtsskoalle in soad betsjutten foar de emansipaasje fan dearbeider en it ûnderwiisnivo yn Nederlân.

DeMaatschappij voor de Werkende Stand stifte yn1861 ynAmsterdam de earste ambachtsskoalle fan Nederlân. De ambachtsskoalle fersoarge technyske opliedingen foar jonges, wylst dehúshâldskoalle op famkes rjochte wie.

Der wienen twa-, trije-, en fjouwerjierrige opliedingen. Yn gefal fan de fjouwerjierrige oplieding koe men ek nei trije jier fan skoalle ôf mei in tsjûchskrift.
De ambachtsskoalle late op tasmid,timmerman,meubelmakker enhûsskilder. Der koene ek kursussen koper-, lead- en sinkbewurkjen, elektrisiteitslear, auto-, motor- enfytsmakker folge wurde. De skoalle keas de opliedingen sa dat se oanslueten by it ferlet fan de takomstige arbeiders en wurkjouwers. Ekfolwoeksenenûnderwiis waard jûn.

By de ynfiering fan deMammoetwet op 1 augustus1968, is de nammeambachtsskoalle feroare ynLegere Technyske Skoalle (lts), meast in fjouwerjierrige oplieding. Sûnt1999 wie dit soarte ûnderwiis part fan itvmbo, benammen de op beroppen rjochte learwegen.

List fan ambachtsskoallen yn Fryslân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
PlakFanOantAdresBysûnderheden
Dokkum
De Gordyk1949
Drachten19091983Suderstrjitwei/WuiteweiYn 1983 is de skoalle fusearre mei de skoalle foar Leger Hûshâld- en Nijverheidsûnderwiis oan de Torenstraat en krige doe de nije namme Skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis 'De Compagnons'
Harns1918Súdeastersingel, by de Houthaven
It Hearrenfean19081984Ferlinge Dracht, letter Boarg. Falkenaweisûnt 1962 'Technische School voor Heerenveen en omstreken'; Yn 1984 fúzje met de húshâldskoalle 'S.K. Hornstraskoalle'
Jobbegea1933P.W. Janssenwei 2
Ljouwert1881hoeke Wijbrand de Geest- en Jacob van Akenstrjitte
Ljouwert1959Cornelis Trooststrjittekristlik; haaadgebou yn twa lagen oan de Cornelis Trooststrjitte, in praktijkfleugel oan de Breitnerstrjitte en een gymnastyklokaal oan de Dirk Boutstrjitte.
Snits19031994Kleasterstrjitte
WolvegeaSchaepmanstrjittekatolyk;
  • Ambachtsskoalle Ljouwert, ± 1930
    Ambachtsskoalle Ljouwert, ± 1930
  • Ambachtskoalle Jobbegea
    Ambachtskoalle Jobbegea
  • De Boarger Ambachtsskoalle yn Soerabaja, tusken 1929 en 1932
    De Boarger Ambachtsskoalle ynSoerabaja, tusken 1929 en 1932
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Ambachtsskoalle&oldid=1065221"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp