Amazon.com, Inc. is inAmerikaansk bedriuw dat him taleit ope-commerce (de hannel oer itynternet). It waard yn1994 oprjochte en is fêstige ynSeattle, yn 'esteatWashington. Amazon begûn oarspronklik as inynternetboekhannel, en de ferkeap fanboeken en byld- en lûdsdragers is noch altyd ien fan 'e wichtichste sektors foar it bedriuw. Lykwols hâldt it him tsjintwurdich ek mei oare saken dwaande. Amazon.com operearret yn 'e hiele wrâld, en hat him ûntjûn ta ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande ynternetûndernimmings ea.
Amazon.com waard ynjuly1994 oprjochte trochJeff Bezos, dy't earder yn 'e Amerikaanske finansjele sektor opWall Street wurke hie. It nije bedriuw operearre yn 't earstoan fanút de garaazje fan Bezos syn hûs ynBelleview. Earst droech it bedriuw de namme fan Cadabra.com, mar it waard al rillegau omneamd ta Amazon, om't Cadabra tefolle op "kadaver" liek, en Bezos in namme mei in A hawwe woe om yn alfabetyske listen boppe-oan te stean. Ynjannewaris1995 gie dewebside fan Amazon fan start, wêrnei't yn july fan dat jier it earste boek ferkocht waard.
Nei't er in ferslach lêzen hie wêryn't foarsein waard dat ynternethannel jierliks mei 2.300% groeie soe, hie Bezos in listke makke mei tweintich mooglike produkten dy't er fia Amazon oer it ynternet ferkeapje koe. Dêrûnder wienecd's,kompjûters,software,VHS-fideo's enboeken. Hy keas úteinlik foar boeken, om't dêr wrâldwiid in net sêd te krijen fraach nei bestiet. Boppedat liek in ynternetboekhannel him in streekje foar te hawwen boppe gewoane boekwinkels, mei't in ynternetboekhannel in ûnbegrinzge oanbod biede kin om't in firtueel pakhûs ûnbegrinzge grut is (de wiere pakhuzen dêr't Amazon gebrûk fan makket, binne dy fan 'e eigentlikeútjouwerijen fan 'e oanbeane boeken). Yn 'e earste pear moannen fan it bestean as boekhannel ferkocht Amazon.com al boeken oan klanten yn alle fyftichAmerikaanske steaten en dêropta yn 45 oare lannen. Binnen twa moannen waard der oant $20.000 oan boeken wyks ferkocht.
Yn1997 gie Amazon nei debeurs, dêr't de oandielen lykwols mar dreech ferkocht waarden. Bezos syn bedriuwsmodel foarseach der nammentlik yn dat der pas yn it fjirde of fyfde jier fan it bestean fan Amazon.com winst makke wurde soe, en dat noaske de measte effektehannelers mar min. Lykwols oerlibbe it bedriuw dedot-comkrisis ridlik ûnskansearre, en waard úteinlik foar it earst winst útkeard oan 'e oandielhâlders yn it fjirde kwartaal fan2001, ter grutte fan 1¢ per oandiel. Hoewol't dat fansels wol hiel beskieden wie, waard dêrmei wol bewiisd dat Bezos mei syn bedriuwsmodel gelyk hie. Yn1999 wie Bezos trouwens trochTime Magazine al útroppen ta persoan fan it jier, fanwegen syn krewearjen foar it revolúsjonarisearjen fanonline-winkeljen.
Amazon ûnderhâldt ferskillendewebwinkelsiden op it ynternet, foar deFeriene Steaten (amazon.com),Austraalje (amazon.au),Brazylje (amazon.com.br),Dútslân (amazon.de),Frankryk (amazon.fr),Yndia (amazon.in),Japan (amazon.co.jp),Grut-Brittanje (amazon.co.uk),Itaalje (amazon.it),Kanada (amazon.ca),Meksiko (amazon.com.mx),Nederlân (amazon.nl),Sina (amazon.cn) enSpanje (amazon.es). Dêrnjonken binne der plannen om ek ynPoalen enSweden in eigen webside op te setten. Yn2008 waard de webside www.amazon.com allinnich al 615 miljoen kear besocht. Yn2014 kaam 63% fan alle boeken dy't oer it ynternet ferkocht waarden, by Amazon wei, wylst 40% fan alle boeken dêr kocht waarden.
Sûnt syn ûntstean hat Amazon allegeduerigen krityk krigen om't it klanten by de "echte" bakstien-en-flierbedekking-boekhannels weilokje soe. Yn1997 waard Amazon.com foar derjochter dage troch de Amerikaanske boekhannelBarnes & Noble, dy't úthold dat de bewearing fan Amazon dat it "wrâlds grutste boekhannel" wie, klearbare bedragerij wie. Barnes & Nobles liet in ferklearring útgean wêryn't steld waard:"[Amazon] is hielendal gjin boekhannel. It is in boekmakelerdij." De saak waard úteinlik bûten de rjochter om skikt, wêrnei't Amazon trochgie mei it publisearjen fan 'e bewearing dy't by Barnes & Noble oanstjit jûn hie. Bykommende beskuldigings op dit mêd oan it adres fan Amazon hawwe fral te krijen hân mei it út 'e merk drukken fan lytse boekhannels troch boeken ûnder de kostpriis te ferkeapjen.
Oare krityk op Amazon gie ûnder mear oer it brûken fan privee-gegevens fan lêzers en it op ôfstân wiskjen fan e-boeken fia Amazon Kindlee-readers; de rang dy't Amazon tawiisde fan boeken skreaun trochhomo's en lesbiënnes of mei ynhâld oer de homomienskip (dy't de homomienskip yn 'e Feriene Steaten asdiskriminaasje beskôge); en de ferkeap fan wurken wêrfan't de ynhâldkwealaster befette of oansette ta it hâlden fanhûnegefjochten,hoannegefjochten of it praktisearjen fanpedofily.
Ien fan 'e wichtichste skandalen gie oer de behanneling fan it personeel yn 'e pakhuzen, dat bgl. yn2011 ynBreinigsville syn wurk dwaan moast by in temperatuer fan 38°C, wêrby't it management net woe dat de pakhúsdoarren iepenset waarden om't men bang wie foardieverij. Ferskate meiwurkers wiene ûnder dy omstannichheden fan 'e hjittens net goed wurden. Doe't dat bekend waard, wie de earste reäksje fan 'e direksje fan Amazon om in ambulânse klear te setten om sokke wurknimmers ôf te fieren. Ferskate oare gefallen fan minne behanneling en/of yntimidaasje fan pakhûsmeiwurkers kamen neitiid oan it ljocht, en teffens die Amazon.com war om it wurk fanfakbûnen ûnmooglik te meitsjen en fakbûnsleden safier te krijen dat se út harsels ûntslach namen.