Alzey leit westlik fan 'eRyndelte yn in heuveleftich gebiet, dat de nammeAlzeyer Hügelland en in sterk agrarysk karakter hat. Troch de stêd rint it rivierke deSelz, dat op 'eRyn útmûnet.
It kastiel fan Alzey datearret út de twadde helte fan 'e 12e iuw, mar waard yn 1689 foar in part ferneatige. Yn 'e jierren 1901-1903 folge in werbou yn histoaryske foarmen.
De resten fan 'e stedsmuorren fan Alzey binne foar in part yn gebouwen yntegrearre en datearje út ferskate boufazen.
It riedshûs (1586) oan 'eFischmarkt heart ta de ryksterenêssânse riedshûzen fan Rynhessen.
De protestantske St. Nikolaus is in letgoatyske, trijeskippigehalletsjerke út de 15e iuw. De spits fan 'e toer waard yn 1905-1906 neffens in ûntwerp fan Karl Krauß útDarmstadt boud.
Yn it eardere hospitaal oan 'eAntoniterstraße is tsjintwurdich it museum ûnderbrocht. It renêssânse gebou mei in toer datearret út 1540.
De letbarokkeKleine Kirche yn 'eAmtgasse is de eardere lutherske parochytsjerke.