Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Althobo

Ut Wikipedy

DeIngelske hoarn,cor anglais ofalthobo is de gruttere en legere útfiering fan dehobo. Hoewol leger fan toan is it as it om de klankkleur en it bespyljen giet yn wêzen in lege hobo. De klank fan de althobo is weemoedich, soms klagerich.

It ynstrumint hat neat mei dehoarn te krijen, krekt likemin as dat yn it Ingelsk is. De eardere modellen yn de18e iuw (jachthobo) wien boud mei op healwei in knik. Yn itFrânsk hjitte soks 'corps anglé': 'bûgd lichem'. De beneaming Ingelske hoarn is dus in ferkearde oersetting fan 'cor anglais', dat sawat it selde klinkt as 'corps anglé'. It wurd 'cor' betsjut 'hoarn' en is net besibbe oan it Frânske 'corps' foar 'lichem'. Sjoch ek itItaljaanske 'corno' foar 'hoarn'.It ynstrumint is stimd yn F, in kwint leger as C dus. De grepen op de althobo binne deselde as dy op de hobo, de klippen sitte wol fierder útinoar.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Althobo&oldid=768047"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp