Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Altfioele

Ut Wikipedy
Altfioele

Dealtfioele is in strutsensnaarynstrumint. De alt is wat grutter as defioele en hat ek fjouwer snaren, stimd as C-G-D-A. De altfioele hat in nijsgjirrige rol yn in ensemble oforkest. Soms spilet de altfioelist:

  • in stypjende stim, om de harmoanyske opbou folslein te meitsjen, wêrby't er net te lûd spylje mei;
  • in basstim, bygelyks as desello in meldij spilet; dy basstim moat goed te hearren wêze;
  • in twadde stim tsjin de earste fioele of sello oan - ek dan moat de alt goed te hearren wêze;
  • in solo-ein.

Altisten moatte harren partij goed analisearje en witte yn hokker eintsjes se hokker rol ha.

Deformanten en deresonânsje troch de klankkast fan in altfioele lizze sawat interts te heech foar syn stimming. Dêrtroch klinkt de alt altyd wat omfloerster as de gruttere of lytsere broer, de fioele resp. sello, dy't in bettere oanpassing fan har resonânsjepiken hawwe. Eins soe in altfioele grutter wêze moatte, mar dan is er net mear mei de earm te bespyljen. Der is as probearsel alris in gruttere altfioele boud, en de bespiler hat leard dy op 'e knibbel te bespyljen. Sa'n alt klonk wol sterker, mar de tipyske altklank waard mist en dus is it gjin súkses wurden. De grutte Italjaanske fioelebouwers út de18e iuw, lykasStradivarius,Amati,Carlo Giuseppe Testore enGasparo da Salo, bouden ek altfioelen.

Ferskatekomponisten lykasBach,Mozart,Felix Mendelssohn, en benammenAntonín Dvořák spilen sels graach altfioel. Oaren, lykasBeethoven, diene it in hoartsje as bybaantsje om troch de tiid te kommen.

Yn Hongaarske muzyk en Roemeenske muzyk wurdt in spesjale altfioele brûkt (nokontra neamd, ofbratch, krekt as it DútskeBratsche ôflaat fan it ItaljaanskeViola da Braccia oftewolearmfioel), meast útfierd mei flakke kaam en trije snaren (gauris stimd as G-d-A) sadat akkoardspyljen mooglik wurdt; hjir hat de alt allinnich ritmysk/harmoanysk in funksje; meldijspyljen is sa goed as ûnmooglik. Itselde bard yn desigeunermuzyk dy't sterk oan de twa neamde muzyksoarten besibbe is.

Repertoire

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

As solo-ynstrumint koe de altfioele hiel lang mar komselden op de foargrûn komme. Yn debarok is bygelyks in slim bytsje altfioelmuzyk skreaun. Der binne út dy tiid inkelde konserto's fan ûnder oareGeorg Philipp Telemann,Georg Benda,Vivaldi enBach (Brandenburgs concerto nr.6).

Yn de klassike perioade is de rispinge wat grutter: leden fan de komponistefamyljeStamitz, Hoffmeister, Dittersdorf,Michael Haydn, Vanhal, Rolla...Mozart joegen de altfioel syn ferneamdeKegelstatt-trio (KV 498) en yn deSinfonia concertante (KV 364) foar fioel en altfioel in prominint plak.

De altfioel waard fierderûntdutsen yn de19e iuw.Carl Maria von Weber enJohann Nepomuk Hummel skreaune konsertante muzyk foar altfioele.Niccolò Paganini fregeHector Berlioz om in altfioelkonsert, mar it resultaat,Harold en Itaalje, is mear in symfony mei in fikse rol foar de altfioele.Brahms joech de altfioele nei wat wifkjen de rol fan alternatyf ynstrumint yn syn twa sonates foarklarinet enpiano, opus 120. It entûsjasme dêroer fan de fioelistJoseph Joachim oertsjûge him lykwols fan de wearde fan dy ferzje.Max Bruch enRobert Schumann skreaune ferskate wurken mei in solorol foar de altfioele, gauris yn kombinaasje mei klarinet. Detimbres fan dy twa ynstruminten minge nammers o sa goed. Ek de altfioelmuzyk fan de Belgyske komponistHenri Vieuxtemps is it neamen wurdich.

Grutte 20e-iuwske altfioelliteratuer skreaunePaul Hindemith,Benjamin Britten,Darius Milhaud,Max Reger,Bohuslav Martinu,Dmitri Sjostakovitsj enBéla Bartók. Yn de20e iuw spilen firtuoazen as Paul Hindemith,Lionel Tertis enLilian Fuchs op dit ynstrumint in grutte rol foar it bekend wurden sa't it altfioelrepertoire dat hjoed de dei (2007) is. Ek de Ingelske altfioelistWilliam Primrose hat komponisten oanset ta it skriuwen fan nije stikken, bygelyks de konserto's fanWilliam Walton enBéla Bartók.

Yn de twadde helte fan de 20e iuw skreaune ûnder oarenGyörgy Kurtág,Krzysztof Penderecki,Giya Kancheli,Alfred Schnittke enPeter Eötvös prachtige altfioelkonserten en oare sololiteratuer foar it ynstrumint. De altfioele waard populêrder en krige de solisten dy't him takamen:Nobuko Imai,Yuri Bashmet,Kim Kashkashian,Tabea Zimmermann,Paul Silverthorne,Gérard Caussé, en in soad oaren. Ek topfioelisten asNigel Kennedy,Maxim Vengerow,Pinchas Zukermann enIsabelle van Keulen spilen op de altfioele.Morton Feldman makke twa komposysjes foar it ynstrumint:The viola in my life 1 en 2.

It hat lang duorre ear't komponisten én altfioelisten de komplekse klank fan de altfioele leard hawwe te ek eksplorearjen. It ynstrumint hat beskate beheinings, lykas detessituer dy't it dreger makket tsjin it orkest of sels in goed op dreef wêzende fleugelpiano oan te kinnen. Dat der gjin standertôfmjittings foar de altfioele binne, liedt boppedat ta in folle yndividuelere klank foar elk ynstrumint: dan mear alt dan mear tonoar, mear of minder nasaal, melangoalysk, donker,sânich of sangerich, ... Fan de oare kant jout dy komplekse klank mei syn wikseljende stimmings in soad mooglkheden, en dat hat prachtige muzyk opsmiten.

Komposysjes foar altfioele en orkest

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Stikken foar altfioele en orkest binne der net in soad. Der binne bygelyks folle mear piaono- en fioelkonserten.Dizze ûndersteande list fan (bekende) komposysjes foar altfioele en orkest is net folslein:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Altfioele&oldid=975879"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp