Yn Novimber1954 ferklearre itFront de Libération Nationale (FLN) de kriich oan de Frânsen. Mei in ûnôfhinklikenskriich mei folle blûd wie Algerije yn1962 ûnôfhinklik.
Tsjin de winsk fan 'e Frânsen yn Algerije, ferklearrePresidintCharles de Gaulle Algerije op3 july1962 ûnôfhinklik. Op25 septimber1962 waard offisjeel de nije republyk stift.
Ahmed Ben Bella, stifter fan it FLN, waard premier en in jier letter waard hy presidint fan Algerije.
Op19 juny1965 besocht kolonel Houari Boumédienne de macht oer te nimmen en ynstee fan in demokrasy in militêre diktatuer yn te fieren. Hawar, nei tsien jier regearen oer Algerije ferklearre Boumédienne dat it tiid wie foar ferkiezings. De nije grûnwet waard byreferindum oannaam yn novimber1976. Meidat allinnich FLN-leden it rjocht hiene op 'e ferkiezings list te stean, waard Boumédienne op 'e nij as presidint keazen.
De ferkiezings fan desimber1991 binne wûn troch it IslamityskeFront Islamique du Salut'. De oerwinning fan it Islamityske FIS kaam hurd oan ynFrankryk. It leger besocht de macht oer te nimme, tenei it FIS ferbean waard en presidint Bendjedid, dy herfoarmings tasein hat, waard ôfset. Syn plakferfanger waard de stive Liamine Zeroual, dy stipe hie fan it Frânske regear. Yn tsjinstelling oant wat folle minsken yn harren tinzen hienen. Kaam der dochs yn guerilja kriich en waard mei in terroristyske kriich tsjin de steat útein set. Likernôch 100.000 minsken binne yn de boargerkriich ferstoarn.
Yn2003 waard it noarden troch in swiere ierdskodding troffen.