Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Albaneesk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
Albaneesk-Otterdokse Tsjerke
It embleem fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke.
It embleem fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke.
algemiene ynformaasje
off. nammeAutosefale Otterdokse Tsjerke fan
   Albaanje
stifting±60 n.Kr.
ûnôfhinklik1922(f.i.Oek. Pat. f. Konstantinopel)
erkenning1937(Oek. Pat. f. Konstantinopel)
titel primaataartsbiskop fan Albaanje
sit primaatTirana (Albaanje)
fierdere bysûnderheden
streamingeastersk-otterdoksy
tsjerketaalAlbaneesk
Hellenistysk Gryksk
ledetal500.000[1]
700.000(eigen sifers)
websideorthodoxalbania.org

DeAlbaneesk-Otterdokse Tsjerke, of eins deOtterdokse Autosefale Tsjerke fan Albaanje (Albaneesk:Kisha Ortodokse Autoqefale e Shqipërisë) is inautosefale (selsbestjoerende)kristliketsjerke faneastersk-otterdokse sinjatuer, dy't yn kommuny ferkeart mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en ûnder it bewâld stiet fan 'eaartsbiskop fanAlbaanje, dy't residearret yn 'e AlbaneeskehaadstêdTirana. It is ien fan 'e jongste eastersk-otterdokse tsjerken, wêrfan't it selsbestjoer pas yn1937 erkend waard. Hoewol't de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke it nominale gesach fan 'epatriarch fan Konstantinopel erkent, hat dy yn 'e praktyk yn Albaanje neat yn 'e molke te krommeljen. De tsjerke brûkt itAlbaneesk en itHellenistysk Gryksk, de taal fan itNije Testamint, astsjerketaal (ôfhinklik fan 'eetnyske gearstalling fan 'e oangeandegemeente út etnyskeAlbanezen of etnyskeGriken), en hat likernôch in heal miljoen leden.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It kristendom yn Albaanje giet neffens deleginde werom op 'eapostelPaulus, dy't yn 'e twadde helte fan 'eearste iuw itevangeelje útdroegen hawwe soe yn 'eRomeinske provinsjeIllyrje (dy't grutte parten fan Albaanje en fan it eardereJoegoslaavje omfette), en sels in besyk brocht hawwe soe oan 'e Albaneeske havenstêdDurrës. Albaanje kaam op tsjerklik mêd bestjoerlik ûnder it aartsbisdom fanOhrid (yn it tsjinstwurdigeMasedoanje) te fallen, in sitewaasje dy't ek oanhold nei't deGryksk-Otterdokse Tsjerke him by itGrutte Skisma fan1054 fan 'eWesterske Tsjerke losmakke hie.

De Marijetsjerke yn itAlbaneeskeLabova.

Nei de ferovering fan Albaanje troch deOsmaanske Turken, yn 'efyftjinde iuw, fûn der in stadige bekearing plak fan in grut diel fan 'e etnyskAlbaneeske befolking ta deislaam. Tsjin 'enjoggentjinde iuw bestie in romme mearderheid fan 'e ynwenners fan Albaanje, benammen yn it sintrale leechlân, út moslims, mei in wichtige Gryksk-otterdokse minderheid yn it suden en in lytse mar machtigeroomske minderheid yn 'e noardlike heechlannen. Foar in protte lju sil de bekearing ta de islaam trouwens foar 't neist mear te krijen hân hawwe mei de hegere belestings en de tsjinstplicht dy't net-moslims oplein waard, as mei oprjochte leauwensoertsjûgings. Hoewol't de etnysk Albaneeske kristenen foàr de ferovering troch de Turken tsjerketsjinsten yn harren eigen taal hân hiene, waard de Albaneeske tsjerke yn it gebiet besuden de rivier deDrin yn 'e Osmaanske tiid yntegrearre yn itPatriargaat fan Konstantinopel, dat allereligieuze tsjinsten, ûnderrjocht en kulturele aktiviteiten yn it Gryksk hold. Noardlik fan 'e Drin hie deServysk-Otterdokse Tsjerke it foar it sizzen, en waard itAldtsjerkeslavysk as tsjerketaal brûkt. Ek dizze ûntwikkeling, dy't sûnder mis ta ferfrjemding fan 'e etnyske Albanezen fan 'e tsjerke late, sil meispile hawwe by de massale bekearing ta de islaam.

Op18 maart1908 fûn it saneamdeHudsonynsidint plak, wêrby'tKristaq Dishnica, in jonge Albaneeskenasjonalist dy't om utens yn 'eFeriene Steaten libbe, troch de Gryksk-Otterdokse Tsjerke dêre fanwegen syn stribjen nei in ûnôfhinklik Albaanjeekskommunisearre waard (om't de etnyskeGriken doedestiden it grutste part fan Albaanje as in takomstich ûnderdiel fan Grikelân beskôgen). Troch dit foarfal begûnen de Albaneeske kristenen te beseffen dat se in eigen nasjonale tsjerke brek wiene. As reäksje liet dehistoarikus enShakespeare-oersetterFan Noli, dy't letter minister-presidint fan Albaanje wurde soe, him troch inRussysk-Amerikaanskbiskop ûnder twifelige omstannichheden ta preester wije. Noli wie de earste preester dy't foargie yn it Albaneesk, al begûn syn tsjerke binnen de tsjerke al hiel gau sterk te groeien.

It Marijekleaster by itAlbaneeskeApollonia.

Koart neidat yn1912 de Albaneeske ûnôfhinklikens útroppen wie, reizge Noli nei syn heitelân ta, dêr't er himsels ta biskop wije liet. Op17 septimber1922, ûnder syn earstesynoade, ferklearre de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke himsels autosefaal (selsbestjoerend). Dy selsstannigens waard lykwols pas yn1937 erkend troch de memmetsjerke, itOekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel. Under defaksistyskeItaljaanske besetting, yn 'eTwadde Wrâldoarloch, hie de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, en ûnder itkommunistyske rezjym fanEnver Hoxha, dat nei de oarloch yn Albaanje oan 'e macht kaam, wie it mar kwealk better. Yn1967 ferklearren Hoxha-en-dy Albaanje ta inateïstyske steat, en waard eltse utering fanleauwe ferbean. De tsjerke oerlibbe de jierren dêrnei yn ballingskip, ûnder de Albaneeskediaspora ynNoard-Amearika enAustraalje. Nei de fal fan it kommunisme, yn1991, makke de tsjerke in weroplibbing troch, wêrby't it tal leden sterk tanaam, mear as 250 tsjerken restaurearre of werboud waarden en likernôch hûndert preesters wijd waarden.

Oanhing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De oanhing fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke bestiet út likernôch in heal miljoen leden, al leit dat sifer neffens eigen sizzen heger, omtrint de 700.000 leauwenden. Dit is in gefoelige kwestje om't deGrykske minderheid yn Albaanje frijwol hielendal ta de oanhing fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke heart, en it Albaneeske regear dy sa lyts mooglik lykje litte wol, wylst de leden fan dy minderheid der belang by hawwe om 'e grutte derfan te oerdriuwen. Yn elts gefal sille de leden fan 'e tsjerke ûngefear foar de helte út etnyske Griken bestean en foar de oare helte út etnyske Albanezen. Yn gemeenten dêr't de leden ta de minderheid hearre, mei it Gryksk as tsjerketaal brûkt wurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. McGuckin, John Anthony,The Orthodox Church: An Introduction to Its History, Doctrine, and Spiritual Culture, 2010 (John Wiley & Sons),ISBN 978-1 44 43 37 310, s. 72.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAlbanian Orthodox Church fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Albaneesk-Otterdokse_Tsjerke&oldid=1116103"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp