Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Alaska

Ut Wikipedy
Steat Alaska
State of Alaska
flaggewapen
North to the Future
(Ingelsk, "Noardoan nei de Takomst")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoartingAK
lânFeriene Steaten
status (jier)steat (1959)
haadstêdJuneau
grutste stêdAnchorage
offisjele taalIngelsk en
20 lânseigen talen(sjoch§ Taal)
sifers
ynwennertal740.133(2014)
befolkingstichtens0,4 / km²
oerflak1.717.856 km² (13,8% wetter)
bykommende ynformaasje
bynammedeLast Frontier
tiidsôneUTC –9(east fan 169°30′)
UTC –10(west fan 169°30′)
simmertiidUTC –8(east fan 169°30′)
UTC –9(west fan 169°30′)
websidewww.alaska.gov
Dizze side giet oerde Amerikaanske steat Alaska. Foar oare betsjuttings, sjoch:Alaska (betsjuttingsside).

Alaska (Ingelsk:Alaska; útspr.: [ə'læskə], likernôch "uh-lês-kuh",Lûdsfragmint beharkje;Aleoetysk:Alax̂sxax̂;Alutiik:Alas’kaaq;Injûpiat:Alaasikaq;Tlingit:Anáaski), offisjeel deSteat Alaska (Ingelsk:State of Alaska), is ien fan 'e fyftichsteaten dy't mei-inoar deFeriene Steaten fan Amearika foarmje. Alaska, byneamd deLast Frontier, leit los fan 'elegere 48 steaten yn it uterstenoardeasten fan itNoardamerikaanskekontinint, ynklamme tuskenKanada en deBeringsee yn iteasten, resp.westen, en tusken deBeaufortsee en deGolf fan Alaska yn itnoarden, resp.suden. Dehaadstêd isJuneau, mar de grutstestêd isAnchorage. Neffens in skatting út2024 hie de steat doe krapoan 737.000 ynwenners, wêrmei't it kwabefolkingsgrutte de 48e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeandeoerflak is Alaska mei hast 1.718.000 km² fierwei de grutste steat. Alaska stiet bekend om synierdoalje,fiskerij en ûnoantaastenatoer.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Denamme 'Alaska' (Russysk: Аляска,Aljaska) waard yn 'eRussyskekoloniale perioade de namme foar it hiele gebiet fan wat doe einsRussysk-Amearika hiet. Fan oarsprong wie it in oantsjutting foar itAlaska-skiereilân út 'eAleoetysketaal (fan 'elânseigen bewenners fan 'eAleoeten-arsjipel). Letterlik betsjut it yn it Aleoetysk: "ding dêr't ittij fan 'esee tsjin rjochte is". De offisjelebynamme fan Alaska is deLastFrontier, oftewol de "lêste foargrins" (fan 'ebeskaving).

Itoerflak fan Alaska ôfset tsjin it oerflak fan 'elegere 48 steaten.

Geografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Alaska leit yn it uterstenoardwesten fanNoard-Amearika, en útsein deAlaskaanskePanhandle is it eins ien grutskiereilân dat nei itwesten ta útstiket. It is denoardlikste enwestliksteAmerikaanske steat, en teffens deeastlikste, mei't deAleoeten oer de grins fan iteastlik healrûn útstekke. Yn it noarden rikt Alaska oant fier boppe depoalsirkel. De steat hat inoerflak fan 1.717.856 km², wêrmei't it fierwei de grutste is fan alleAmerikaanske steaten. It is twa kear sa grut asTeksas, dat de op ien nei grutste steat is. Alaska is sa grut dat it ferdield is oer twatiidsônes: it diel fan Alaskaeastlik fan 169°30′ W leit yn 'eAlaskatiidsône (UTC –9,simmertiid –8), wylst it diel fan Alaskabewesten 169°30′ W (UTC –10,simmertiid –9) ta deHawaïaansk-Aleoetyske Tiidsône heart.

Alaska hat in langerekustline (fan 54.720 km) as alle oareAmerikaanske steaten byinoar. It mjit 3.639 km faneast neiwest en 2.285 km fannoard ensúd. Fan it totale oerflak bestiet 13,8% (of 237.064 km²) útoerflaktewetter, sadat der 1.480.792 km² oan drûch lân oerbliuwt. Der binne mear as trije miljoenmarren. De grutsterivier is deYukon. Oare wichtige rivieren binne deKoyukuk, deKuskokwim en deTanana.Sompen entoendra meipermafrost beslane 487.747 km², wylst 41.440 km² ûnder de 100.000gletsjers yn 'e steat leit. De grutste dêrfan is deBeringgletsjer, mei in oerflak fan 5.827 km². Fan it lân is 65% yn besit fan 'e Amerikaanske federaleoerheid. Dat gebiet bestiet foar in grut part útnasjonale wâlden,nasjonale parken ennasjonale wyldreservaten. ItBureau of Land Management (BLM) beheart yn dy kontekst 23,8% fan it oerflak fan Alaska, oftewol 350.000 km² lân. ItArktysk Nasjonaal Faunareservaat, wrâlds grutste wyldreservaat, dat ûnder behear stiet fan 'eUnited States Fish and Wildlife Service, beslacht 65.000 km².

DeDenali, foarhinne bekend as de Mount McKinley, de heechsteberch fanNoard-Amearika.

Geografysk leit Alaska los fan 'elegere 48 steaten fan 'eFeriene Steaten; nettsjinsteande dat wurdt it soms ta de regio fan itAmerikaanske Noardwesten rekkene, mei û.m.Washington enOregon. Yn itnoarden grinzget Alaska oan 'eBeaufortsee, en yn itnoardwesten oan 'eTsjûktsjensee, dat beiderâneseeën fan 'eNoardlike Iissee binne. Yn itwesten wurdt Alaska begrinzge troch deBeringsee en deBeringstrjitte, oan 'e oare kant wêrfan't itFiere Easten fanSibearje leit, dat taRuslân heart. Spesifyk lizze dêr itTsjûkotka-skiereilân, datbestjoerlik ta deautonome regioTsjûkotka heart, en itKamtsjatka-skiereilân, dat bestjoerlik itTerritoarium Kamtsjatka foarmet. Yn itsuden wurdt Alaska begrinzge troch deGolf fan Alaska, dy't diel útmakket fan 'eStille Oseaan.

Yn iteasten dielt Alaska in grins meiKanada. Spesifyk grinzget de steat yn it easten oan it KanadeesketerritoariumYukon en yn itsúdeasten oan 'eprovinsjeBritsk-Kolumbia. Derest fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit súdlik fan Britsk-Kolumbia; Alaska wurdt fan 'e neisteAmerikaanske steat,Washington, skaat troch likernôch 800 km Kanadeesk grûngebiet. Hoewol't de grins mei Kanada de iennichste lângrins fan Alaska is, reitsje deterritoriale wetters fan Alaska en Ruslân inoar ynBeringstrjitte, dêr't deDiomedeseilannen (te witten: it RussyskeRatmanov (of Grut-Diomedes) en it AmerikaanskeLyts-Diomedes) mar 3,8 km útinoar lizze.

Toendralânskip yn Alaska.

Alaska bestiet út seis ûnderskate regio's:Súdlik Sintraal-Alaska,Súdeast-Alaska,Súdwest-Alaska, deAleoeten, itBinnenlân fan Alaska en deNoarderbedelte.

Súdlik Sintraal-Alaska, dat de súdlikekust en it efterlizzende binnenlân fan 'e steat omfiemet, is de tichtst befolke krite fan Alaska, dêr't û.m. de gruttestêdAnchorage leit. It omfettet ek deMatanuska-Susitna-delling, westlik fan Anchorage, en it grutteKenai-skiereilân, dat súdeastlik fan Anchorage útstiket yn 'eGolf fan Alaska. Foar de kust lizze ferskate lytseeilannen, lykasMontague enKayak. Súdlik Sintraal Alaska is ek itbercheftichste diel fan 'e steat, dêr't itChugachberchtme oan 'e súdkust, itKenaiberchtme op it Kenaiskiereilân, itWrangell-berchtme by deKanadeeske grins en de súdlike helte fan itAlaskaberchtme diel fan útmeitsje. De kriten besuden it Alaskaberchtme en bewesten it Wrangell-berchtme binne hiel tinbefolke.

Deblaublom of ferjit-my-net is de offisjele steatsblom fan Alaska.

Súdeast-Alaska wurdt ek wol dePanhandle fan Alaska neamd, om't it it nei itsúdeasten ta útstykjende diel fan 'e steat omfiemet, ynklamme tuskenBritsk-Kolumbia en deStille Oseaan. Súdeast-Alaska leit it tichtst byde rest fan 'e Feriene Steaten, en wie it ierste diel fan 'e steat dat trochAmerikaanskekolonisten yn besit nommen waard yn 'e jierren fuort nei deOankeap fan Alaska. De regio wurdt dominearre troch deAleksanderarsjipel, ineilannegroep besteande út hûnderten middelgrutte en lytseeilannen fuort foar dekust, mei as grutstenPrince of Wales,Chichagof,Admiraliteitseilân,Baranof,Revillagigedo,Kupreanof enKuiu. ItNasjonaal Wâld Tongass, it grutstenasjonaal wâld fan 'e Feriene Steaten, strekt him út oer in diel fan 'earsjipel en parten fan it fêstelân. Súdeast-Alaska omfiemet ek de steatshaadstêdJuneau, de eardere haadstêdSitka enKetchikan, dat ienris de grutste stêd fan Alaska wie.

Súdwest-Alaska is in tinbefolke krite yn it súdwesten fan Alaska, dy't likernôch 800 km it binnenlân fan 'e steat yn rikt fan 'e kust fan 'eBeringsee ôf. It meastepart fan 'e befolking libbet der ferspraat yn lytsemienskippen by de kust lâns. Súdwest-Alaska omfettet de ûnbidich grutteYukon-Kuskokwimdelta, dat ien fan 'e grutsterivierdelta's fan 'e wrâld is. Eilannen lykasKodiak, it haadeilân fan 'eKodiakarsjipel yn 'eGolf fan Alaska, enNunivak en dePribilofeilannen yn 'eBeringsee, hearre ek ta de regio, krektlyk as it grutste diel fan itAlaska-skiereilân, dat nei it súdwesten ta útstiket en de Beringsee fan de Golf fan Alaska skiedt.

DeDenali Highway yn sintraal Alaska.

De punt fan it Alaska-skiereilân en de súdlik dêrfan lizzendeShumagineilannen meitsje diel út fan 'e regio fan 'eAleoeten. Dat is inkeatling fan eilannen dy't fan 'e punt fan it Alaska-skiereilân yn in kromme line oer in ôfstân fan 1.900 km nei it westen ta rikt, yn 'e rjochting fan itKamtsjatka-skiereilân ynRuslân. De Aleoeten besteane út mear as trijehûndert lytse en grutterefulkanyske eilannen, wêrfan't de westliksten ta iteastlik healrûn hearre. De alderwestlikste eilannen, deKommandeurseilannen, hearre net ta Alaska, mar ta Ruslân. DeYnternasjonale Datumgrins is lykwols westlik fan 180° W lein, sadat de hiele steat Alaska binnen deseldedei falle soe. De grutste eilannen fan 'e Aleoeten binne, fan east nei west:Unimak,Akutan,Unalaska,Umnak, deEilannen fan de Fjouwer Bergen,Seguam,Amlia,Atka,Adak,Kagalaska,Tanaga,Amchitka,Kiska,Agattu enAttu.

ItBinnenlân fan Alaska is de grutste, mar ek de tinst befolke regio fan 'e steat, dy't foar it meastepart út ûnbewennewyldernis bestiet en ynklamme leit tusken itAlaskaberchtme yn it suden en itEndicott-berchtme, dat diel útmakket fan it gruttereBrooks-berchtme, yn it noarden.Fairbanks is it iennichste gruttere plak yn 'e hiele krite. It Binnenlân omfettet itNasjonaal Park en Wyldreservaat Denali, yn it Alaskaberchtme, mei deDenali (foarhinne bekend as de Mount McKinley), de heechsteberch fanNoard-Amearika mei in hichte fan 6.191 m. Ek dedellingen fan 'erivieren deTanana en deKoyukuk en it grutste part fan it streamgebiet fan 'e grutteYukon hearre ta it Binnenlân.

DeNoarderbedelte, ta einbeslút, beslacht de hiele noardkust fan Alaska noardlik fan itBrooks-berchtme, en bestiet foar it meastepart úttoendra mei lytsedoarpen, benammen oan 'e kust. De regio stiet bekend om syn reuseftige ûndergrûnske foarriedenierdoalje en omfettet û.m. it bekendeOaljefjild fan Prudhoe Bay. It grutste plak fan 'e Noarderbedelte isBarrow. It noardwesten fan Alaska, mei as sintrumKotzebue, wurdt yn 'e regel mei de Noarderbedelte op ien bulte smiten, hoewol't it dergeografysk sjoen net by heart. It noardwesten omfiemet it grutteSeward-skiereilân, dat nei it westen ta útstiket en sa mei itRussyskeTsjûkotka-skiereilân deBeringstrjitte foarmet. EkLyts-Diomedes, yn 'e Beringstrjitte, en it grutte eilânSt. Lawrence, yn 'e noardlikeBeringsee, hearre by it noardwesten.

Utbarsting fan 'efulkaan deMount Augustine, yn2006.

Grûnbesit fan 'e lânseigen befolking

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Likernôch 180.000 km² lân (oftewol 12,2%) fan Alaska is yn it besit fan 'e tolve grutte regionale en tsientallen lytsere pleatslikekorporaasjes fan 'e lânseigen befolking (Eskimo's,Aleoeten enYndianen). Dy binne opset ûnder deAlaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) fan1971. DeAlaskaanske lânseigen regionale korporaasjeDoyon, Limited neamt himsels ynadvertinsjes en oarepublikaasjes faak "de grutste private lâneigner fan Alaska". Oarspronklik omfieme de ANCSA de mooglikheid dat de korporaasjes harren lân, begjinnend yn1991, op 'e publike merk ferkeapje koene, mar dat diel fan 'ewet waard ynlutsen ear't it fan krêft wurde koe. Dat bestjut dat de korporaasjes harren lân yn eigendom hawwe, faak alle rjochten op ûndergrûnskedylchstoffen ynbegrepen (in rjocht dêr't yndividuëleboargers gjin oanspraak op meitsje kinne), mar dat se it lân net ferkeapje kinne. Yn tsjinstelling dêrmei kinyndividuële lânseigen grûn wól op 'e publike merk ferkocht wurde.

Wat de ynstelling fanreservaten oangiet, is Alaska wat in frjemde ein yn 't byt yn 'e Feriene Steaten. It reservaatstelsel sa't dat yn 'elegere 48 steaten bestiet, is yn Alaska nammentlik nea fan 'e grûn kommen, en troch de ynfiering fan 'e ANCSA en it feit dat de lânseigen korporaasjes mei harren ûnferkeapbere lân min ofte mear deselde funksje ferfolje as in reservaat, binne se ek net nedich. Sadwaande bestiet der yn hiele Alaska mar ienYndianereservaat: itAnnette Island Yndianereservaat fan 'eMetlakatla Yndianemienskip, dat 332,6 km² beslacht yn 'eAleksanderarsjipel fanSúdeast-Alaska. Dat bestie al foar de oanname fan 'e ANCSA en hat syn status ûnôfhinklik fan dy wet beholden.

DeRussyskedelsetting Pavlovskaja op iteilânKodiak yn1814 (it hjoeddeiske plakKodiak).

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Lânseigen bewenning

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De earste bewenners fan Alaska wiene defoarâlden fan 'e hjoeddeistigeYndianen, dy't nei alle gedachten mear as 15.000 jier lyn al oerkamen útAazje fia deBeringlânbrêge, de doedestiden drûchfallenBeringstrjitte. Tsjin 'e tiid dat de earsteJeropeänen Alaska yn 'eachttjinde iuw berikten, waard it gebiet bewenne trochYndiaanskefolken lykas deTlingit,Haida,Aatna (Ahtna) enKûtsjin (Kutchin ofGwich’in) yn it súdeasten en easten,Eskimofolken lykas deInjûpiat (Iñupiat),Jûpik (Yup’ik) enAlûtiik (Alutiiq) yn it noarden, westen en súdwesten, en deAleoeten op 'eAleoetenarsjipel en de punt fan itAlaska-skiereilân.

Koloniaal tiidrek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Guonhistoarisy binne fan tinken dat de iersteRussyskedelsetting yn Alaska stifte waard yn 'esantjinde iuw. Neffens dy teory soene ferskateboaten fan deekspedysje fanSemjon Dezjnov yn1648 troch instoarm op 'eBeringsee fan koerts rekke en dekust fan Alaska berikt hawwe, wêrnei't de oerlibbenen har dêr nei wenjen setten. Dizzehypoteze is basearre op it ferslach fan 'egeograafNikolaj Daurkin, inetnyskeTsjûktsjy fan itTsjûkotka-skiereilân, dy't Alaska yn1764-1765 oandie en dêr indoarp oan 'erivier de "Cheuveren" oantrof dat bewenne waard trochburddragendemanlju dy't "deikoanen oanbidde". Guon moderne ûndersikers slane de "Cheuveren" lyk mei de rivier deKoyuk.

Itskelet fan 'e reuseftigeStellers seeko, inbist dat in lingte fan 9 m en in gewicht fan 10 ton berikke koe. Dizze trage, warleazeherbivoar, dy't yn 'e kustwetters fan 'eAleoeten libbe, waard trochRussyskepelsjagers en -keapljubejage om itfleis en wie yn1768, 27 jier nei syn ûntdekking, folslein útrûge.

It earste ûnomstriden besyk fan Jeropeänen oan Alaska fûn lykwols plak op21 augustus1732, doe't debemanning fan 'eSankt-Gavriïl foet op 'e grûn fan Alaska sette. DeSankt-Gavriïl wie inskip ûnder it gesach fanlânmjitterMichail Gvozdev en seefarderIvan Fjodorov, dat diel útmakke fan 'e ekspedysje fan 'eSibearyskekozakAfanasij Sjestakov en deWytrusDmitry Pavlûtsky. Yn1741 berikte de RussyskeGrutte Noardlike Ekspedysje ûnder lieding fan 'eDeenskeûntdekkingsreizgerVitus Bering Alaska. Hy arrivearre yn 'eGolf fan Alaska, seach deMount Elias en fear by it eilânKodiak en itKenai-skiereilân lâns. Op 'e weromreis litte Beringskipbrek en kaam er om op 'eKommandeurseilannen, mar in diel fan synbemanning kearde neitiid ynSibearje werom meipelzen fan 'esee-otter, dy't it bêstebûnt fan 'e wrâld ornearre waarden te wêzen en foar healwiis hegeprizen ferkocht waarden. Dêrop begûnen lytse gearwurkingsferbannen fan Russyskepelskeaplju fan itKamtsjatka-skiereilân ôfjachtekspedysjes te organisearjen nei deAleoeten. Behalven op see-otters jagen se, foarfleis, ek op 'e reuseftigeStellers seeko, dy't binnen 27 jier, yn1768, folslein útrûge wie.

De earste permaninte Russyske delsetting yn Alaska waard stifte yn1784. Dat wie in reäksje op 'eferskate ekspedysjes dy'tSpanje tusken1774 en1800 út synkoloanjeNij-Spanje (it lettereMeksiko) wei nei it noardwesten fan 'eStille Oseaan stjoerde. Yn1789 bouden de Spanjerts in delsetting enfort oan 'eNootka Sound yn wat noBritsk-Kolumbia is. Yn Alaska binne nammen asValdez enCordova oerbliuwsels út dy tiid. Yn 'e earste helte en de midden fan 'enjoggentjinde iuw fierde deRussysk-Amerikaanske Kompanjy inkolonisaasjeprogramma yn Alaska út om it gebiet steviger yn Russyske hannen te krijen. Nij-Archangelsk (noSitka), op iteilânBaranof, yn 'eAleksanderarsjipel fanSúdeast-Alaska, wie fan1804 oant1867 dehaadstêd fanRussysk-Amearika. De Russyske kolonisaasje fan Alaska waard lykwols nea foltôge, en de koloanje wie nea bottewinstjaand. Behalven de Russysketoponimen hâlde tsjintwurdich benammen de Russyske eleminten yn dearsjitektuer (lykassipeldakken optsjerketuorren) de oantins oan 'e Russyske koloniale tiid yn libben.

Goudsikers op itChilkoot Trail yn Alaska yn1898, ûnder deGoudkoarts fan Klondike.

Underwilens hie de lânseigen befolking fan Alaska fan 'e ein fan 'eachttjinde iuw ôf oant de midden fan 'enjoggentjinde iuw slim te lijen ûnder útbraken fan 'epokken, insykte dy't de Russen meibrochten en dêr't de Aleoeten, Eskimo's en Yndianen gjinferwar tsjin hiene. Benammen yn 'e1830-er jierren en de1860-er jierren wiene der ferskriklikeepidemyen, wêrby't tûzenen minsken omkamen en detribalemaatskippijen slim ûntregele waarden.

Amerikaansk territoarium

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

William H. Seward, deAmerikaanskeminister fanBûtenlânske Saken,ûnderhannele nei de ein fan 'eAmerikaanske Boargeroarloch mei de Russen oer deOankeap fan Alaska. Yn1867 waard in akkoart berikt en koe de keap syn beslach krije, wêrby't deFeriene Steaten it gebietanneksearren foar de priis fan$7,2 miljoen. De oankeap wie benammen bedoeld as instrategyske set foar detakomst, mar in soad Amerikanen seagen it yn 't earstoan as in kaptale blunder en it fuortsmiten fan withoefollejild dêr't se nea wer wat fan weromsjen soene. De Oankeap fan Alaska waard dêrom ek wolSeward's Folly ("Sewards Dwaasheid") neamd. De earste santjin jier nei de oankeap waard itDepartemint Alaska asûnorganisearre territoarium loskes bestjoerd troch itAmerikaanske Leger. Yn1884 krige it as itDistrikt Alaska de status fan indistrikt, mei ingûverneur dy't oansteld waard troch depresidint fan 'e Feriene Steaten. Nij-Archangelsk, noSitka neamd, bleau itbestjoerssintrum en teffens it iennichste plak dêr't oant likernôch1880 taAmerikaanskekolonisten wennen. Fierders waard der ek inrjochtbank fêstige.

Nei't Alaska yn1867 oergien wie yn Amerikaanske hannen, ûntstie dêrtroch itAlaskaanske Grinskonflikt, wêrby't de Feriene Steaten en itFeriene Keninkryk yn in slepend skeel ferwikkele rekken oer de krekte rin fan 'e grins tusken Alaska enBritsk-Kolumbia. Pas yn1903 waard dy deilisskip yn it foardiel fan 'e Feriene Steaten oplost.

Amerikaansketroepen ûnder deSlach om Attu, ynmaaie1943.

Begjinnend yn 'e1890-er jierren en op guon plakken duorjend oan de iere1910-er jierren fûnen yn Alaska en it oanbuorjendeKanadeeskeYukon in rigegoudkoartsen plak. De bekendste dêrfan wie deGoudkoarts fan Klondike yn1897, wêrfan't it swiertepunt eins yn 'e Yukon lei. De goudkoarts brocht tûzenengoudsikers en oarekolonisten út hielNoard-Amearika nei de regio ta, en om deselde tiid hinne wie der ek in oansjenlike tastream nei dePanhandle fan Alaska trochymmigranten útNoarwegen enSweden, dy't har dêre asfiskers enhoutsjers fêstigen. As gefolch fan dy frij hommelse groei fan 'ebefolking krige Alaska yn1912 offisjeel de status fan inûnynkorporearre territoarium, itTerritoarium Alaska. Underwilens wie yn1906 de haadstêd fan Alaska ferpleatst fan Sitka neiJuneau.

Yn 'eTwadde Wrâldoarloch foelenJapansketroepen yn1942 Alaska binnen en besetten trije eilannen fan 'eAleoeten:Attu,Agattu enKiska. De besetting dêre duorre fanjuny1942 oantaugustus1943, doe't deAmerikaanske Striidkrêften de trije eilannen befrijden yn 'eAleoetenkampanje. Yn deselde snuorje ûntjoechDutch Harbor, inhavenplak op it eilânUnalaska, him ta in wichtige basis foar deAmerikaanske Loftmacht en foardûkboaten fan 'eAmerikaanske Marine. Fierders waarden yn it ramt fan itLien-Pachtprogramma, wêrby't de Feriene Steaten deSovjet-Uny fan militêr materieel foarseagen foar de striid ynJeropa tsjinnazy-Dútslân, Amerikaanskejachtfleantugen enbommesmiters fia Kanada troch Alaska neiFairbanks flein en dan troch neiNome, op itSeward-skiereilân. Dêr waarden se ophelle troch Sovjet-piloaten dy't se oer deBeringstrjitte enSibearje neiJeropeesk-Ruslân fleagen. De oanlis fan in grut tal militêre bases yn Alaska, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, droech sterk by oan 'e groei fan beskate stêden yn it territoarium.

Ravaazje ynAnchorage nei deswiere ierdbeving fan1964.

Amerikaanske steat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'eTwadde Wrâldoarloch waard yn Alaska de rop om in folweardigeAmerikaanske steat te wurden, almar lûder. Yn1946 waard inreferindum holden wêrby't debefolking fan it territoarium him dêr yn grutte mearderheid foar útspriek. Om dat doel te berikken moast lykwols in protte tsjinakseljen fan 'elegere 48 steaten en deburokrasy ynWashington, D.C. oerwûn wurde. Uteinlik gie itAmerikaanske Kongres op7 july1958 akkoart mei de opnimming fan Alaska yn 'eAmerikaanske Uny. Op3 jannewaris1959 waard Alaska sadwaande de 49e en foarlêste steat fan 'e Feriene Steaten (de 50e en lêste wieHawaï, dat datselde jiers ek in steat waard).

Op27 maart1964 waard Alaska troffen troch inswiere ierdbeving, dy't letter ek wol bekend kaam te stean as de Goedfreedierdbeving. Dêrby kamen 133 minsken om en waard in protte skea oanrjochte. Ferskate doarpen en ek dielen fan guon gruttere mienskippen waarden folslein ferwoastge, benammen trochierdferskowings entsûnamys. Mei in krêft fan 9,2 op 'eskaal fan Richter wie it de swiersteierdbeving ynNoard-Amearika dy't ea registrearre is, en de op ien nei swierste fan 'e hiele wrâld. Ittiidstip fan 'e ierdbeving (17.36 oere), de tiid fan it jier en de lokaasje fan itepisintrum holpen allegear mei om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik slachtoffers wiene, benammen ynAnchorage.

Anchorage, de grutstestêd fan Alaska.

Yn1968 waard derierdoalje ûntdutsen ynPrudhoe Bay, yn 'eNoarderbedelte. Troch it reekommen fan itTrans-Alaska Piipliedingstelsel yn1977 koe die oalje einlings eksploitearre wurde, wat yn Alaska soarge foar in wiereoalje-boom. Fan1980 ôf wurdt mei deopbringst fan 'e oalje fierhinne debegrutting fan 'e steat betelle. It wie dan ek net tafallich dat Alaska datselde jiers deynkomstebelesting ôfskafte. Dat de eksploitaasje fan ierdoalje ek in kearside hat, die yn1989 bliken, doe't deoaljetankerExxon Valdez yn 'ePrince William Sound opin rif rûn en leksloech. Dêrtroch rûn der 42 miljoenliterrouwe oalje yn 'e see, wêrnei't defersmoarging him útwreide oer 1.800 kmkustline fan Alaska. It wie ien fan 'e grutstemiljeurampen út 'eskiednis en de grutste dy't Alaska ea oerkomd is.

Bestjoer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Alaska bestietbestjoerlik út net útcountys, lykas de oareAmerikaanske steaten (útseinLouisiana, datparishes hat), mar útboroughs. Dêrfan binne der 16 yn 'e steat. Oars as de countys yn oare Amerikaanske steaten beslane de boroughs yn Alaska net it hiele grûngebiet fan 'e steat. It gebiet dat net ûnderdiel is fan lykfol hokker borough (en foar it meastepart út tinbefolke wyldernis bestiet), wurdt oantsjut as deUnorganisearre Borough. De Unorganisearre Borough wurdt streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd.

Juneau, dehaadstêd fan Alaska.

Dat steatsregear hat syn sit ynJuneau, dehaadstêd fan Alaska, dat ynsyn eigen borough leit, yn 'ePanhandle fan Alaska. Krekt as yn alle Amerikaanske steaten it gefal is, stiet ek yn Alaska degûverneur oan it haad fan it steatsregear. Dewetjaande macht is yn 'e hannen fan 'eLegislatuer fan Alaska, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 20 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 40 sitten. Yn 'eAmerikaanske Senaat wurdt Alaska, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2senators. Yn itAmerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Alaska fanwegen syn lytse befolking mar 1 inkele sit.

It politike lânskip fan Alaska wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. De opmerklikste ûnder dy oare partijen is deAlaskaanske Unôfhinklikheidspartij (AIP), oprjochte yn1984, dy't foar deôfskieding fan Alaska fan 'e Feriene Steaten stribbet. Sawol op it mêd fan 'e steatspolityk as de Amerikaanske federalepolityk stipe Alaska oant de earste helte fan 'e1970-er jierren oer it algemien de Demokraten. Sûnt hat de steat him lykwols fierhinne ûntjûn ta in Republikeinsk bolwurk. De bekendstepolitikus út Alaska, alteast yn it bûtenlân, isSarah Palin, dy't yn2008 de Republikeinskefise-presidintskandidate wie ûnderJohn McCain.

In diel fan 'e ûnbidigeTrans-Alaskapiipline.

Ekonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn2007 bedroech itbruto steatsprodukt fan Alaska$44,9 miljard, wylst it bruto steatsprodukt per lid fan 'ebefolking datselde jiers op $40.042 lei. Deierdoalje- enierdgasyndustry dominearret de Alaskaanskeekonomy, en draacht foar likernôch 80% by oan it bruto steatsprodukt. Oare foarmen fanyndustry binne yn Alaska net botte goed ûntwikkele, mei'titenswaren en oar guod oer it algemienymportearre wurde. Wol wurdt yn Alaska oanmynbou dien neidylchstoffen asstienkoal,goud ensink.

Delânbou is likemin in wichtige sektor, benammen om't it kâldeklimaat en it koarte groeiseizoenbou op grutte skaal suver ûnmooglik meitsje. Mei defeehâlderij leit dat justjes oars, mar likegoed is Alaska ek dêrfoar gjin ideaal plak. Oer it algemien produsearje bou en feehâlderij inkeld foar de eigenkonsumpsje fan 'e befolking fan Alaska:griente,suvel,kowefleis enjongfee foar fierderefokkerij. Defiskerij is wol goed ûntwikkele, enkrab enfisk (benammensalm,kabbeljau enkoalfisk) foarmje, njonken oalje en gas, de wichtichsteeksportprodukten fan 'e steat. De krabbefiskerij yn 'eBeringsee út 'e haven fanDutch Harbor wei, is wrâldwiid popularisearre troch derealitytillefyzjesearjeDeadliest Catch. Ek deboskbou hat troch de eksport fanhout in wichtich oandiel yn 'e Alaskaanske ekonomy.

Slidehûnen oan it wurk ûnder de ferneamdeIditarod Trail Slidehûnerace.

De meastebanen yn Alaska binne te finen yn 'e oalje- en gasyndustry, yn 'etsjinst fan 'e oerheid en yn sektoaren as itferfier en dekeapfardij. Ek deunby leinebases fan 'eAmerikaanske Striidkrêften drage foar in oansjenlik part by oan 'ewurkgelegenheid yn plakken asFairbanks enAnchorage en op it eilânKodiak. Fierders jouwesubsydzjes fan 'e Amerikaansk federale oerheid oanhâldend in ympuls oan 'e ekonomy fan Alaska. ittoerisme is in groeiende sektor, dy't op in soad plakken yn 'e steat noch yn 'e berneskuon stiet. De grutste attraksjes foar toeristen yn Alaska binne denatoer yn it algemien, itNasjonaal Park Denali yn it bysûnder, en fierders bygelyks de ferneamdeIditarod Trail Slidehûnerace. In protte toeristen komme yn Alaska om tejeien of teangelfiskjen.

Demografy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch itAmerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2020) hie Alaska yn2024 740.133 ynwenners. Yn2014 lei dat getal noch op 736.732 minsken. Debefolkingstichtens wie yn2014 0,4minsken dekm² (wetteroerflak net meirekkene). Dêrmei wie Alaska ien fan 'e tinst befolke gebieten fan 'e wrâld en fierwei de tinst befolke steat fan 'e Feriene Steaten. De op ien nei tinst befolke Amerikaanske steat wieWyoming, yn 'eRocky Mountains, mei 2,2 minsken de km². De grutstestêd fan Alaska isAnchorage, mei 292.000 ynwenners yn2010. Oare gruttere stêden binne:Fairbanks (32.000), de steatshaadstêdJuneau (31.000),Badger (19.000),Knik-Fairview (15.000),College (13.000) enSitka (9.000).

Befolkingstichtens yn Alaska.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanskefolkstelling fan2010 wie deetnyske opbou fan 'ebefolking fan Alaska doe sa: 64,1%blanken; 14,8%Yndianen,Eskimo's enAleoeten; 5,5%Latino's; 5,4%Aziaten; 3,3%swarten; 1,0%Polyneziërs,Melaneziërs enMikroneziërs; 5,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Alaska hat it heechste persintaazje lânseigen befolking (Yndianen, Eskimo's en Aleoeten) fan alle Amerikaanske steaten,Hawaï (lânseigenHawaïanen) ynbegrepen.

DeYndianen binne yn Alaska konsintrearre yn 'ePanhandle en yn it eastlike part fan itfêstelân. Der binne 15 ûnderskateetnyske groepen: deAatna(Ahtna),Ejak(Eyak),Haida(Haida),Han(Hän),Holikatsjûk(Holikachuk),Ingalik(Ingalik,Deg Hit’an ofDeg Xinag),Kojûkon(Koyukon),Koltsjan(Kolchan ofUpper Kuskokwim),Kûtsjin(Kutchin ofGwich’in),Opper-Tanana(Upper Tanana),Tanaina(Tanaina ofDena’ina),Tanakros(Tanacross),Tanana of Neder-Tanana(Tanana ofLower Tanana),Tlingit(Tlingit) enTsimsjian(Tsimshian). Dêrfan binne de Tlingit fierwei it manmachtichst. De Opper-Tanana, Neder-Tanana en Tanakros binne tige nau besibbe en wurde ek wol ûnder ien namme brocht as deTanana-Atapasken. De Tsimsjian wiene fan oarsprongflechtlingen útBritsk-Kolumbia, dy't yn1887 fan 'eAmerikaanske presidintGrover Cleveland tastimming krigen om har permanint ynSúdeast-Alaska te fêstigjen.

InAlûtiik-dûnser yntradisjoneleklaaiïng.

DeEskimo's wenje by de noardlike, westlik, súdwestlike en súdlike kusten fan it fêstelân lâns. Krekt as de Yndianen binne se te ferdielen yn ferskateetnyske groepen, te begjinnen mei de skieding tusken deInûyt(Inuit), de Eskimo's fan 'eNoardlike Iissee, dy't ek ynKanada enGrienlân wenje, en deJûpik(Yup’ik), de Eskimo's fan 'eBeringsee en deStille Oseaan. DeInjûpiat(Iñupiat), dy't oan 'e noardlike en noardwestlike kusten fan Alaska wenje, binne in subgroep fan 'e Inûyt. DeMiddensibearyske Jûpik(Central Siberian Yup’ik), dy't behalven ynSibearje ek lânseigen binne op it ta Alaska hearrende eilânSt. Lawrence, yn 'eBeringsee, deMiddenalaskaanske Jûpik(Central Alaskan Yup’ik) fan westlik en súdwestlik Alaska en deAlûtiik(Alutiiq) fan súdlik Alaska binne subgroepen fan 'e Jûpik.

DeAleoeten(Aleuts ofUnangan), ta einbeslút, dy't deAleoetenarsjipel en de westpunt fan itAlaska-skiereilân bewenje, binne in apartfolk, dat nau besibbe is mei de Eskimo's mar dêr dochs los fan stiet.

Alaska omfiemet mar leafst 225federaal erkende lânseigen stammen (foar in opsomming, sjochhjirre), wêrfan't de grutste deSintrale Ried fan de Tlingit en Haida Yndianestammen fan Alaska is. DeMetlakatla Yndianemienskip fan it Annette Island Reservaat, inetnyskeTsimsjian-stamme, is de iennichste dy't in eigenYndianereservaat hat.

Fairbanks, yn it binnenlân fan Alaska, is de op ien nei grutstestêd fan 'e steat.

Alaska hat 21offisjele talen: itIngelsk en alle 20 lânseigentalen dy't yn 'e steat sprutsen wurde, en dy't ynoktober2014 by wet ek in offisjele status krigen. Dêrby giet it om itAleoetysk(Aleut ofUnangan); 4Eskimo-talen: itInjûpiat(Iñupiat),Middensibearysk Jûpik(Central Siberian Yup’ik),Middenalaskaansk Jûpik(Central Alaskan Yup’ik) enAlûtiik(Alutiiq); en 15Yndiaanske talen: itAatna(Ahtna),Ejak(Eyak),Haida(Haida),Han(Hän),Holikatsjûk(Holikachuk),Ingalik(Ingalik,Deg Hit’an ofDeg Xinag),Kojûkon(Koyukon),Koltsjan(Kolchan ofUpper Kuskokwim),Kûtsjin(Kutchin ofGwich’in),Opper-Tanana(Upper Tanana),Tanaina(Tanaina ofDena’ina),Tanakros(Tanacross),Tanana of Neder-Tanana(Tanana ofLower Tanana),Tlingit(Tlingit) enTsimsjian(Tsimshian).

It Aleoetysk en de Eskimo-talen hearre ta deEskimo-Aleoetyske taalfamylje, wylst de measte Yndiaanske talen ûnder deAtapaskyske groep fan 'eNa-Dené-talen falle. It Haida is mooglik inisolearre taal, wylst it Tsimsjian ta de eigen lytseTsimsjianyske taalgroep heart. Guon talen, lykas it Ejak, binne al (frijwol)útstoarn, wylst hast alle oare lânseigen talen fan Alaska as bedrige klassifisearre wurde moatte.

DeRussysk-otterdokseSint-Michaelskatedraal ynSitka.

Fan 'e befolking fan Alaska spriek yn2011 82,4% itIngelsk asmemmetaal, wylst 3,5% itSpaansk as memmetaal hie. Fan 'e rest fan 'e befolking hie 5,2% ien fan 'e tweintich lânseigen talen as memmetaal, 4,3% spriek inAziatyske taal en 2,2% hie in oareYndo-Jeropeeske taal as memmetaal (lykasFrânsk,Russysk ofPortegeesk).

Op it mêd fangodstsjinst bestie yn2014 likernôch 64% fan 'ebefolking fan Alaska útkristenen, wêrûnder 43%protestanten, 16%roomsen en 5%Eastersk-otterdoksen. DeRussysk-Otterdokse Tsjerke wie yn1795 it earste kristliketsjerkgenoatskip dat him yn Alaska fêstige. It yninoar omtrouwen tuskenetnyskRussyskekolonisten en leden fan 'e lânseigen befolking soarge derfoar dat de Russysk-Otterdokse Tsjerke tsjin 'e tiid fan 'eOankeap fan Alaska stevich yn 'e Alaskaanskemaatskippij ferankere wie. Troch it ferlies fanoerheidsstipe nei de Oankeap en de konkurrinsje meimisjonarissen fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke ensindelingen fan ferskateprotestantske denominaasjes rekke it Russysk-otterdokse leauwe neitiid yn Alaska wat marginalisearre.

Nettsjinsteande dat is deOtterdokse Tsjerke yn Amearika (fuortkommen út 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke) yn Alaska noch altyd fertsjintwurdige mei hast 90parochys en krapoan 20.000 tsjerkeleden. Dat binne suver allegearre leden fan 'e lânseigen befolking, wêrûnder hast alleAleoeten enSûkpiak (de subgroep fan 'eAlûtiik dy't deKodiakarsjipel bewennet), ferskate tige grutteJûpik-mienskippen en ek inkeleAtapaskyskeYndiaanske groepen út itBinnenlân fan Alaska. Under deTlingit naam de grutte mienskip fanJuneau itEastersk-otterdokseleauwe pas oan nei ôfrin fan 'eRussyske koloniale perioade, yn in gebiet dêr't nea Russyskekolonisten ofmisjonarissen west hiene. Men kin yn Alaska sprekke fan in beskate foarm fansynkretisme tusken it Eastersk-otterdokse leauwe en de oarspronklikenatoerreligyen fan 'e lânseigen befolking.

Russyskearsjitektoanyske eleminten sjocht men werom yngebouwen yn Alaska, lykas hjir yn it Golden North Hotel ynSkagway.

Yn2010 wiene de grutste kristlike tsjerkgenoatskippen yn Alaska deRoomsk-Katolike Tsjerke mei 50.866 leden, demormoanskeTsjerke fan Jezus Kristus fan 'e Hilligen fan 'e Lêste Dagen mei 32.170 leden, en deSúdlike Baptistekonvinsje mei 19.891 leden. Alaska is, yn 'e mande meiWashington enOregon, ien fan 'e trije steaten mei it leechste persintaazje leden fan in kristlik tsjerkgenoatskip fan alleAmerikaanske steaten. Sa'n 20% fan 'e befolking fan Alaska beskôge himsels yn2014 wol asreligieus, mar hie dêr fierders gjin fêstomrâne tinkbylden by. De rest fan 'e befolking bestie út 11%ateïsten enagnosten, 1%boedisten, 0,5%moslims, 0,5%joaden, 0,5%hindoes, 0,2%bahaïsten en 4% oanhingers fan oare godstsjinsten, wêrûnder denatoerreligyen fan 'e lânseigen befolking.

Klimaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Alaska hat fjouwerklimaatsônes. Yn 'ePanhandle fan Alaska, de súdlikekuststripe, de súdeastlike helte fan itKenai-skiereilân, de súdeastlike helte en de westlike útein fan itAlaska-skiereilân en op 'eKodiakarsjipel en deAleoeten hearsket inseeklimaat. Noardlik dêrfan, op 'e noardwestlike helten fan it Kenai- en it Alaska-skiereilân, en yn in brede stripe lân fan 'e eastgrins mei in bôge by de súdwestkust lâns nei itSeward-skiereilân oan 'e westkust, hat men in oergongsklimaat tusken it seeklimaat yn it suden en itlânklimaat dat yn itBinnenlân fan Alaska hearsket. DeNoarderbedelte, by de noardkust lâns nei Seward-skiereilân, ta einbeslút, is in gebiet mei inpoalklimaat.

De ûnderskateklimaatsônes yn Alaska.

Oer it algemien kin oer Alaska sein wurde dat it koartesimmers hat en lange,kâldewinters. Simmerdeis kinne detemperatueren yn it binnenlânoerdeis wol rom boppe de 30 °C útkomme, wylst it kwik der by 't winter sakje kin oant –50 °C. Rekôrtemperatueren foar de steat wiene 38 °C, op27 juny1915 ynFort Yukon, en –62 °C op23 jannewaris1971 teProspect Creek. Dy lêste temperatuer is mar ien graad boppe de leechste temperatuer dy't ea ynNoard-Amearika metten is (ynSnag, yn 'eYukon).

Súdeast-Alaska is sawol itwietste as itwaarmste part fan 'e steat, dat foar in grut part begroeid is meituskenbeiden reinwâld. De haadstêdJuneau kriget mear as 1.300 mmdelslach yn 't jier, wylstKetchikan yn trochsneed sels mear as 3.800 mm kriget. Súdeast-Alaska is ek it iennichste diel fan 'e steat dêr't de trochsneedtemperatueroerdeis by 'twinter boppe itfriespunt leit. Westlik Alaska tanket syn klimaat fierhinne oan 'e ynfloed fan 'eBeringsee. In gebiet dêre, dat rikt fan 'e noardkant fan itSeward-skiereilân oant dedelling fan 'eKobuk (d.w.s. de krite oan 'eKotzebue Sound), is feitliks inwoastyn, dêr't op plakken minder as 250 mm delslach yn 't jier falt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryAlaska fanWikimedia Commons.
 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Alaska&oldid=1206222"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp