Nei't syn polityk wurkpaad op dy manear op 'e non rûn wie, begûn er in nije karriêre as sakeman en skreau er ferskatebestsellers op it mêd fan polityk en miljeu, wêrûnder it ferneamdeAn Inconvenient Truth. Hy joech de wrâld yn 't rûn lêzings oerklimaatferoaring en lobbyde sûnder ein yn Washington om 'e Amerikaanske polityk fan 'e reäliteit fan dat probleem te oertsjûgjen en oan te setten ta it nimmen fan foechsume maatregels. Yn2007 waard him foar syn krewearjen op dat mêd deNobelpriis foar de Frede takend.
Gore groeide fierhinne op yn Washington, D.C., dêr't syn âldelju wennen fanwegen syn heite politike karriêre, en dêr't er nei de legere skoalle gie. De simmerfakânsje brocht er lykwols troch op syn heite pleats ynCarthage, dêr'tkij holden entabak ferboud waard. Fan1956 oant1965 gied er nei de eksklusive jongesskoalle St. Albans, yn Washington, dêr't er oanfierder wie fan itAmerikaansk footballtiim, en fierders oandiskuswerpen enbasketbal die. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, sette er útein mei in stúdzje oan 'e prestizjeuzeUniversiteit fan Harvard, teCambridge, ynMassachusetts, dêr't û.m. húsgenoat wie fan 'e lettereHollywood-stjerTommy Lee Jones. Earst wied er fan doel omIngelske taal- en letterkunde te studearjen, mei't er it yn 'e holle hie en wurdtromanskriuwer, mar úteinlik seach er dêrfan ôf, en besleat er ynstee in opliedingbestjoerskunde te dwaan. Nei't it skynt brocht er syn earste jier oan Harvard fral troch meitillefyzjesjen,biljerten en it smoken fanmarihûana, mar it jiers dêrnei skerpe er him op en úteinlik studearre er yn1969cum laude ôf.
Yn1965 wie Gore op 'eprom (itbal oan 'e ein fan 'e middelbere skoalle) fan St. Albans yn 'e kunde kommen meiMary Elizabeth Aitcheson, byneamd "Tipper", dy't op 'e deunby leine Sint-Agnesskoalle ynAlexandria siet. Se rekken fereale, en hja folge him nei Massachusetts ta, dêr't se in stúdzje folge oan 'eBoston University ynBoston. Koart nei't se dêr yn1970 ôfstudearre wie, trouden Gore en sy yn Washington. Se krigen fjouwer bern: Karenna Gore Schiff (1973), Kristin Carlson Gore (1977), Sarah LaFon Gore (1979) en Albert Gore III (1982).
Harren jongste bern, Albert Gore III, waard yn april1989 by it oerstekken fan in strjitte skept troch in auto, en lei in moanne lang yn kritike tastân yn it sikehûs. Begjin juny2010 kundigen de Gores yn in e-mail oan harren freonen oan dat se nei "lange en soarchfâldige oerweaging" yn mienskiplik lykfinen besletten hiene om útinoar te gean. Hja binne lykwols befreone bleaun, en hoewol't se no mei oaren omgeane en net fan doel binne om wer byinoar te kommen, bringe noch geregeldwei tegearre fakânsjes troch mei de bern.
Nei't er yn1969 ôfstudearre wie, moast Gore yn tsjinst, mei't ûnder deFjetnamoarloch yn 'e Feriene Steaten detsjinstplicht fan krêft wie. De measten fan syn mei-studinten oan Harvard ûntdoeken dy op in ferskaat oan manearen, en Gore sels hie der ek net folle sin oan om neiFjetnam ta, nammentste mear om't er persoanlik in grut tsjinstanner fan 'e oarloch wie, mar hy fûn dat er it oan syn lân ferplichte wie om te gean, en fierders moast syn heit yn1970 werkeazen wurde, en liek it him ta dat er syn heit datoangeande it bêste helpe koe troch him frijwillich by it leger te jaan.
Sadwaande gied er yn augustus 1969 yn tsjinst, mar nei't er syn basistraining trochrûn hie, duorre noch mear as in jier foar't er útstjoerd waard nei Fjetnam. Gore sjocht dêr noch altyd de hân fan 'e regearing-Nixon yn, en fermoedet dat men benaud wie dat him wat oerkomme soe, en dat syn heit dan op in tij fan meilibben de ferkiezings winne soe. Pas begjin jannewaris1971, nei't syn heit syn sit yn 'e Senaat ferlern hie, krige er oarders om nei Fjetnam ta. Yn 'e tuskentiid hied er stasjonearre west ynFort Rucker, ynAlabama, dêr't er assjoernalist wurksum wie by de legerkranteThe Castle Courier, en sadwaande wurke er yn Fjetnam as oarlochskorrespondint njonken syn reguliere tsjinst as lid fan 'eAmerikaanske 20ste Sjenybrigade ynBiên Hòa. Yn maaie1971 siet syn tsjinstplicht derop en waard him earfol ûntslach ferliend.
Nei't er weromkaam út Fjetnam, folge Gore fan1971 oant1972 inteologyske stúdzje oan 'eVanderbilt Universiteit ynNashville, op in stúdzjebeurs foar lju dy't in sekuliere karriêre yn 't sin hiene. Dêrnjonken wied er fan 1971 ôf as ûndersykssjoernalist wurksum by dekranteThe Tennessean, wêrby't er ferskatekorrupsjesaken behannele dêr't leden fan 'e gemeenterie fan Nashville by belutsen wiene. Yn twa ôfsûnderlike saken late dat ta de arrestaasje en berjochting fan in gemeenteriedslid. Yn1974 naam er frij by deThe Tennessean om inrjochte-oplieding te dwaan oan 'e Vanderbilt Universiteit, mar doe't yn1976 ûnferwachts syn heite eardere sit yn itAmerikaanske Hûs fan Offurdigen frijkaam, briek er hookstrooks syn stúdzje ôf om him dêr foar deDemokratyske Partij ferkiesber foar te stellen, in beslút dêr't er eltsenien mei oer it mad kaam, mar syn eigen frou noch it meast.
Gore wie 28 jier doe't er yn1976 foar it earst depolityk yngie en daliks de ferkiezings wûn. Hy waard werkeazen yn1978,1980 en1982, dat hy siet fan1977 oant1985 yn it Hûs fan Offurdigen, en dêrnei fan1985 oant1993 yn 'eSenaat. Hy wenne en wurke yn Washington, D.C., mar de wykeinen brocht er stiiffêst yn Tennessee troch. Wat syn politike opfettings oangie, waard er beskôge as in tuskenbeiden man, dy't foar it rjocht opabortus wie, mar tsjin it útjaan fan federaal jild om abortussen te fergoedzjen. Hy stimde tsjin foarstellen dy't it wapenbesit beheine moasten, en wie in tsjinstanner fanhomorjochten, mei't er yn1981 oerhomoseksualiteit sei:"Ik fyn dat it ferkeard is," en:"Ik sil net beare dat ik it begryp, mar it is net gewoan in oare normale manear fan libjen." Yn1984 sei er dat er donaasjes foar syn kampanje wegerje soe as dy fan 'e homorjochtebeweging kamen, en foege dêr oan ta:Ik fyn dat it net gewoan in akseptabel alternatyf is dat ús maatskippij mar as sadanich befêstigje moat." Syn mienings op dit mêd ûndergiene fan 'e ein fan 'e jierren tachtich oant it begjin fan it nije milennium lykwols in stadige evolúsje ta nije ynsichten dy't lyk tsjin 'e oanhelle útspraken yngeane. Yn2008 seid er:"Ik fyn dat homoseksuële manlju en froulju deselde rjochten hearre te hawwen as heteroseksuële manlju en froulju om kontrakten ôf te sluten, besykrjocht te hawwen yn it sikehûs en mei-inoar te trouwen."
As kongreslid en senator griep Gore fierders eltse mooglikheid oan om oandacht te freegjen foar syn hobbelhynke: itynternet. Gore wie dêrfan al in pleitbesoarger doe't de namme "ynternet" noch net iens bestie, en in wrâldwiid kompjûtersysteem foar de flugge útwikseling fan gegevens noch mar in idee yn 'e holle fan in lyts groepke kompjûtergekken wie. Om 'e wurden fan 'e sjoernalisteSarah Miles te brûken:"Foar't kompjûters te begripen wiene, lit stean seksy, wraksele Gore mei syn pokergesicht al om keunstmjittige yntelliginsje en glêsfezelnetwurken út te lizzen oan heal yn sliep fallende kollega's." In oare ûnderwerp dat Gore ier yn syn karriêre oppakte, wieklimaatferoaring. Al yn1979 warskôge er foar itbroeikaseffekt. Fierders besocht er yn 'e tachtiger jierren twaris de jildkraan ticht te draaien dy'tSaddam Hoessein mei Amerikaanske stipe ynIrak yn it seal hold, mar beide kearen waard syn besykjen sabotearre troch de Republikeinske regearings-Reagan en -Bush.
By de presidintsferkiezings fan1988 stelde Gore him ferkiesber foar de Demokratyske Partij, mar hy waard yn 'e foarferkiezings ferslein trochMichael Dukakis, dy't dêrnei de eigentlike ferkiezings ferlear oan 'e sittendeRepublikeinske fise-presidintGeorge H.W. Bush. Yn1992 skreau Gore syn earste boek,Earth in Balance, dat it earste boek fan in sittende senator wie dat de bestsellerlisten helle sûntProfiles in Courage fanJohn F. Kennedy.
Datselde jiers (1992) waard Gore troch de Demokratyske presidintskandidaatBill Clinton frege om synrunning mate te wurden, en Gore stimde dêryn ta. Hy wie in wat aparte fise-presidintskandidaat, mei't it foartiid yn 'e Amerikaanske polityk altyd wenst west hie om inrunning mate te kiezen dy't út in oar diel fan it lân kaam en der oare politike opfettings op nei hold as de presidintskandidaat sels. Mar Clinton en Gore kamen út oangrinzgjende steaten yn itAmerikaanske Suden, en tochten oer de measte dingen fierhinne gelyk. Likegoed waard er ien fan 'e súksesfolste fise-presidinten fan 'e lêste desennia.
Nei't se by de ferkiezings de RepublikeinenGeorge H.W. Bush enDan Quayle en de ûnôfhinklikenRoss Perot enJames Stockdale ferslein hiene, stelde Clinton en Gore in oerienkomst op fan twa siden, wêryn't se harren wurkrelaasje fêstleine. Clinton ferplichte him dêrby om geregeldwei mei Gore te oerlizzen en Gore by it beslútfoarmingsproses yn alle saken fan belang te belûken. Se ieten eltse wike in kear mei-inoar en praten eltse dei oer de tillefoan, en Gore ûntjoech him meitiid ta Clinton syn wichtichste adviseur (wat mar komselden it gefal is foar in Amerikaansk fise-presidint). Beliedsmjittich lei Gore him ûnder syn fise-presidintskip ta op it bestriden fan fergrieming, fraude en misbrûk fan oerheidsfinânsjes, wylst er teffens omtinken joech oan miljeubeskerming enynformaasjetechnology. It wie fierhinne Gore syn ynset op dat lêste mêd dy't fan1995 oant2001 late ta deynternethype.
Doe't Clinton syn beide terminen as presidint op 'e ein rûnen, wie it al ier dúdlik dat Gore by de ferkiezings fan2000 de Demokratyske presidintskandidaat wêze soe. Hy snie himsels lykwols yn1999 raar yn 'e fingers doe't er by in fraachpetear opCNN sei:"Under de jierren dat ik yn it Amerikaanske Kongres tsjinne haw, naam ik it inisjatyf by it skeppen fan it ynternet." Hy bedoelde fansels dat er it inisjatyf nommen hie by it skeppen fan wetjouwing dy't de tastânkomming fan it ynternet sa't dat no bestiet, mooglik makke, mar syn politike fijannen ferdraaiden syn útspraak as hied ûnrjochtlik beweard dat er it ynternet eigenhandich útfûn hie. Dat wie in ûnearlike, mar tige effektive taktyk, dy't Gore syn imago by in grut part fan 'e Amerikaanske befolking skansearre.
Al Gore ynNij-Hampshire, yn2000, foar it begjin fan syn presidintskampanje.
Likegoed wist Gore sûnder al tefolle muoite de Demokratyske nominaasje foar it presidintskip feilich te stellen. Op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje waard er offisjeel nominearre troch syn âldste dochter Karenna, yn 'e mande mei syn stúdzjefreonTommy Lee Jones. Gore frege de konservativeJoadske senatorJoseph Lieberman fanKonnetikut om synrunning mate te wurden. Mar al wie Gore sels net opholden mei Clinton yn dy syn dûnkerste dagen, ûnder itLewinsky-skandaal, te stypjen, ûnder de presidintskampanje besocht er dúdlik ôfstân te skeppen tusken himsels en de mei skandalen omjûne Clinton. Hy die trije tillefyzjedebatten mei syn Republikeinske tsjinstannerGeorge W. Bush, dy't alletrije suver yn gelykspul einigen, mar Gore krige de krityk dat er òf te stiif, òf te tebekhâldend, òf te agressyf wie yn ferhâlding ta Bush.
De ferkiezings, op7 novimber2000, rûnen út op in pynlike fertoaning, wêrby't de Feriene Steaten foar it each fan 'e wrâld foar gek stiene. De marzje tusken Gore en Bush wie yn 'e útslach nammentlik sa lyts, dat eltse stim telde. Dêrby naam de súdlike steatFloarida it wichtichste plak yn. Op 'e jûn fan 'e ferkiezings foarseine de Amerikaanske tillefyzjestjoerders earst dat Gore Floarida winne soe, wêrnei't se dy foarsizzing ynloeken en foarseine dat Bush de steat winne soe, foar't se dy foarsizzing ek wer ynloeken. It tellen fan 'e stimmen duorre noch ferskate dagen, oant de Republikeinske steatssiktaris fan Floarida,Katherine Harris, de útslach úteinlik sertifisearre. Neffens dy útslach hie Bush de ferkiezings yn Floarida wûn mei 537 stimmen (mear as Gore), wat him alle 25kiesmannen fan Floarida yn itElectoral College joech. Sadwaande soe Bush de ferkiezings winne mei 271 kiesmannen tsjin 266, hoewol't Gore yn absolute stimmen oer it hiele lân ferdield rom 500.000 mear behelle hie as Bush. (Opmerklik detail hjirby wie dat Bush syn jongere broerJeb doedestiden de gûverneur fan Floarida wie.)
De presidintsferkiezings fan2000: prosintuële útslach percounty (wat dûnkerder read, watRepublikeinsker; wat dûnkerder blau, watDemokratysker).De presidintsferkiezings fan2000: yn read de steaten dêr'tGeorge W. Bush wûn, en yn blau de steaten dêr't Al Gore wûn (de sifers binne de oantallenkiesmannen fan eltse steat yn itElectoral College.
Gore focht dizze gong fan saken oan en frege yn ferskate Florideeskecountys in wertelling fan 'e stimmen oan. It die bliken dat troch de betiizjende stimbiljetten en de ûndeugdlike stimapparatuer in grut tal stimmen foar Gore ferlern gien wiene. Bush stapte nei itHeechgerjochtshôf fan Floarida om 'e wertellings tsjin te hâlden, mar dat stelde Gore yn it gelyk. Dêrop gie Bush yn heger berop by itAmerikaansk Heechgerjochtshôf, dat úteinlik ta it fûnis kaam dat de standerts dy't foar de wertelling opsteld wiene, yn tsjinspraak wiene mei deAmerikaanske Grûnwet en dat der foar de uterste wetlike datum fan12 desimber gjin wertelling mear holden wurde koe dy't grûnwetlik doogde. Dêrmei waard yn 'e praktyk de oarspronklike, troch Harris sertifisearre útslach de iennichst jildige, en hie Bush de ferkiezings wûn. Op13 desimber joech Gore syn wjerstân dêrtsjin op, ta grutte teloarstelling fan in grut part fan syn efterban, dy't fan miening wie dat de Republikeinen de ferkiezings stellen hiene.
Neitiid die it Nasjonaal Opiny-ûndersykssintrum fan 'eUniversiteit fan Chicago ûndersyk nei de ferkiezings yn Floarida, wêrby't alle stimbiljetten op 'e nij en yngeand besjoen waarden; dit op fersyk fan in groep grutte Amerikaanske nijsmedia, mei dêrûnderCNN,Associated Press, deNew York Times, deWall Street Journal, deWashington Post, deLos Angeles Times, deChicago Tribune en deBaltimore Sun. Dêrby die bliken dat Gore eins de ferkiezings yn Floarida wûn hie mei in marzje fan 60 oant 171 stimmen (ôfhinklik fan wat as jildige stim akseptearre waard). In fierder ûndersyk fan 'eNew York Times allinnich levere de útkomst op dat ûndúdlike en betiizjende stimbiljetten (dy't by fersin ta ûnjildige stimmen laat hiene) Gore allinne al ynPalm Beach County enDuval County 6.286, resp. 1.999 stimmen koste hiene.
Al Gore sprekt yn2008 teDenver de Demokratyske Nasjonale Konvinsje ta.
De ôfrin fan 'e ferkiezings wie in bittere pil foar Gore, mar meitiid learde er om derom te laitsjen. Doe't er yn2005 de oeuvrepriis fan 'eWebby Awards takend krige foar tritich jier ynset foar it ynternet, en in ûntfangstrede hâlde moast dy't neffens de regels fan 'eWebby Awards mar út fiif wurden bestean mocht, seid er: "Hâld hjir asjebleaft gjin wertelling."
Nei de ferkiezings fan2000 ferliet Gore de polityk, hoewol't er fan ein2002 ôf ferskate kearen fûleindige krityk levere op it belied fan presidintGeorge W. Bush. Dêrby rjochte er him op deTwadde Golfoarloch, it misbrûk fan 'e oanslaggen op9/11 foar Bush syn eigen politike doelen, de misjegening fanArabieren yn 'e Feriene Steaten en it ûnwetlik ôflústerjen fan minsken, allegear ûnder it mom fan nasjonale feilichheid. Yn2005, nei't deorkaanKatrinaNew Orleans troffen hie, fage er de flier oan mei Bush syn trage reäksje op 'e ramp. Dêrby neamde er net (mar it kaam dochs út) dat er sels op eigen kosten twa fleantugen sjartere hie, wêrmei't er 270 sikehûspasjinten út 'e stêd evakuëarre hie. Yn it ferkiezingsjier2004 wie de ferwachting dat Gore him ferkiesber stelle soe foar it presidintskip. In soad Demokraten rieden al mei bumperstikkers om mei de tekst "Werkies Gore as Presidint!" Mar Gore betanke foar de ear, en stipe ynstee de Demokratyske kandidaatJohn Kerry.
Underwilens wie Gore in karriêre as sakeman begûn, wêrby't er û.m. yn2004 it bedriuwGeneral Investment Management stifte en letter in eigen tillefyzjestasjon oprjochte,Current TV. Teffens fûn er himsels op 'e nij út asklimaatgoeroe en rjochte er de organisaasjeAlliance for Climate Protection ("Alliânsje foar Klimaatbeskerming") op. Hy skreau ferskate tige ynfloedrike bestsellers oer itbroeikaseffekt enklimaatferoaring, wêrfan'tAn Inconvenient Truth ("In Ferfelende Wierheid"), út2006, fierwei it bekendst wurden is, benammentlik om't dêr datselde jiers noch, en ûnder deselde titel, in ferfilming fan makke waard, regissearre trochDavis Guggenheim, dy't yn2007 inOscar foar bêstedokumintêre wûn.
Gore reizge hiele Amearika troch, en letter ek om utens, om lêzings te jaan oer klimaatferoaring, dat ûnder de Bush-jierren in non-ûnderwerp wie yn 'e Amerikaanske polityk. Dêrmei besocht er de Amerikanen by te bringen dat hja mei harren fergriemende libbensstyl dûnsje op 'e râne fan 'e fulkaan. Fansels wiene der in protte lju, deoaljeyndustry foarop, dy't dat boadskip net hearre woene, en syn ynset op dit mêd kaam Gore dan ek op in hûdfol krityk te stean. Mar teffens krige er krityk út it kamp fan 'e fanatike miljeubeskermers, dy't fûnen dat er net fier genôch gie. Hoe dan ek, foar syn krewearjen yn dizze saak waard Gore yn2007, yn 'e mande mei itYntergûvernemintele Panel foar Klimaatferoaring fan 'eFeriene Naasjes, deNobelpriis foar de Frede takend.