Al-Bireh البيرة | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 45.975(2017) | |
Oerflak | 22,4 km² | |
Befolkingsticht. | 2.100 / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Koördinaten | 31° 54' N 35° 13' E | |
Offisjele webside | ||
www.al-bireh.ps | ||
Kaart | ||
Al-Bireh,al-Birah ofel-Bira (Arabysk: البيرة; histoarysk ek bekend asCastrum Mahomeria,Magna Mahomeria,Mahomeria Major,Birra ofBeirothah) is inPalestynske stêd yn itWestjordaanlân, 15 km noardlik fanJeruzalim en is oan de stêdRamallah, dede facto haadstêd fan Palestina, fêstwoeksen. De stêd is de haadstêd fan it gûvernemint Ramallah en Al-Bireh en leit op de sintrale berchrêch dy't troch it Westjordaanlân rint en leit 860 meter boppeseenivo. De stêd falt ûnder Gebiet A fan dePalestynske Autoriteit en hat in befolking fan goed 40.000 ynwenners. Al-Bireh leit op de rûte fan jeruzalim neiNablus.
DeKrúsfarders nemaden it plakBirra, wylst it plak ek wolCastrum Mahomeria,Magna Mahomeria ofMahomeria Major neamd waard. It wie ien fan de 21 plakken dy't roch keningGodfryd aslien oan deHillich Grêftsjerke jûn. Yn1114 waard de jefte troch keningBoudewyn I fan Jeruzalim befêstige.
Yn1156 swarden 92 minsken fanMahomeria trou oan de Hillichh Grêftsjerke, en noch 50 mear waarden yn de folgjende tritich jier taheakke. It is rûsd dat de totale "Frankyske" befolking yn dy snuorje 500-700 bedroech. De Krúsfarders bouden in kastiel, tsjerke en in hospice dêr. De lêste twa waarden yn1146 boud troch deTimpeliers en hearde ta de Hillich Grêftsjerke. DeAjjûbiden ûnderSaladin ferjoegen yn1187 de Krúsfarders en ferwoastgen de stêd folslein. Hja bouden in moskee njonken de ruïne fan de tsjerke, tawijd oanOmar I.
Yn1517 waard Palestina part fan itOsmaanske Ryk. Neffens de belestingsdokuminten fan1596 hie it doarp,Bira al-Kubra neamd, in befolking fan 45 hûshâldings, dy't allegearmoslim wiene en hja betellen belesting op weet, garst, olivebeammen, fruitbeammen, bijenêsten en geiten. Ta tsjinstelling fan it oanbuorjendeRamallah dy't mei in mearderheid út kristenen bestie, wie Al-Bireh foar it grutste part moslim.
Yn1917 foel it plak yn hannen fan de Britten en yn1920 waard part fan it BritskeMandaatgebiet Palestina. It plak hie doe 1479 ynwenners, wêrfan 1407 moslims en 72 kristenen.
Yn1949 foel it plak ûnder Jordaansk bestjoer, nei deArabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Yn1961 hei it plak 14.510 ynwenners.
Nei deSeisdagekriich yn1967 besetten Israelyske troepen Al-Bireh en kaam ûnder Israelysk militêr bestjoer te fallen. Israel boude twaIsraelyske delsettings om Al-Bireh hinne: Beit El yn1977 en Pesagot yn1981.
Yn1994 kaam it boargerlik bestjoer fan de stêd yn hannen fan dePalestynske Autoriteit neffens ôfspraken fan deOslo-akkoarten. Al-Bireh is neiGaza-stêd it grutste Palestynske bestjoerlike sintrum. Njonken it kantoar fan d egûverneur, binne der in tal fan haadkantoaren fan oerheids- en privee-ynstelings, lykas in tal ministearjes, de Palestynske publike omrope en it Palestynske statistykburo.
Neffens in sensus yn 1997 útfierd troch it Palestynsk Sintraal Buro foar de Statistyk wennen der 27.856 minsken yn de stêd, heal manlju en heal froulju. De mearderheid wiene Palestynske flechtlingen, dy't út 55,4% fan de befolking bestiene. Yn2007 wennen der 38.202 minsken.
De befolking fan Al-Bireh bestiet rûchwei út fiifclans: Qur'an, Hamayel, 'Abed, Qaraqra, At Taweel and Ar Rafidi.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjochReferences op dizze side. |