Aktivisme is it krewearjen om feroaring te bewurkmasterjen of tsjin te hâlden opsosjaal,polityk ofekonomysk terrein of op it mêd fan 'emiljeubeskerming. It doel dêrfan is yn 'e regel om ferbetterings oan te bringen yn 'e maatskippij en sosjaal ûnrjocht oan 'e kaak te stellen.
In ekstreme foarm fan aktivisme dy't wolris foarkomt, is dat aktivisten harsels yn 'e brân stekke en op dy wize yn it iepenbierselsmoard dogge om har miening kenber te meitsjen en oandacht te freegjen foar harren saak. Ek beskate foarmen fankeunst kinne in utering fan aktivisme wêze, lykasgraffity ofprotestlieten. Hjoed de dei spylje desosjale media in almar grutter wurdende rol by it organisearjen fan aktivisme.