Strjitte yn Aden (1999)Aden (yn Braun & Hogenberg 1590)
Aden (Arabysk: عدن) is in stêd in de RepublykJemen net fier fan de eastlike tagong fan deReade See (deGolf fan Aden), sa'n 170 kilometer beëastenBab-el-Mandeb. It hiele stedsgebiet wenje sa'n miljoen minsken. Aden syn âlde, natuerlike,haven leit yn de krater fan in sliependefulkaan dy't no inskiereilân foarmet en mei in legeistmus oan it fêstelân ferbûn is. De âlde haven waard foar it earst brûkt yn de tiid fan itKeninkryk Awsan tusken de 5e en 7e iuw foar Kristus. De moderne haven leit oan de oare kant fan it skiereilân.