Addis Abeba (Amhaarsk: አዲስ አበባ, foarNije Blom) is dehaadstêd fanEtioopje. De befolking fan de stêd telt 3.059.000 persoanen (2007). De stêd leit op in hichte tusken de 2200 en 3000 meter, oan de foet fan de berchEntoto, en is dêrmei de op twa nei heechste haadstêd fan de wrâld (neiLa Paz, de haadstêd fanBolivia enKwito, dy fanEkwador).
Addis Abeba is in kosmopolityske stêd mei mear as tsientallen etnyske kloften dy't in likegrut oantal talen sprekke. De grutste etnyske kloft binne deAmharen dy't ûngefear de helte fan de stêdsbefolking útmeitsje. Oare grutte kloften binneOromo (19%), deGurage (17%) en deTigrinja (8%).