Inabt (ofabdis(se) froulik) is de lieder, it haad, fan inabdij. Hy is de 'primus inter pares' fan demuontsen (ofnonnen) en wurdt yn de hiërargy folge troch deprior. Yn syn wurk wurdt de abt bystien troch de 'ried', in lytse groep muontsen, dêrûnder de prior, dy't yn gearwurking mei it deistich bestjoer, de abdij bestjoere. De abt wurdt yn debenediktynske tradysje troch de muontsen sels keazen.
In abt kin inmitere of innet-mitere abt wêze. Yn it earste gefal wurdt hy tsjerkerjochtlik op itselde nivo sjoen as inbiskop en hat de jurisdiksje oer de abdij, lykas in biskop oer inbisdom. Der is dan sprake fan in saneamdeeksimpte abdij. Eartiids wie it mooglik dat in eksimpte abt de legere wijingen oant en mei it subdiakonaat tatsjinne oan de geastliken yn syn machtsgebiet. Nei it ôfskaffen fan dy legere wijingen is dat allinnich noch mooglik troch in biskop.
By deminderbruorren wurdt de oerste degardiaan neamd.