Yn demidsiuwen kamen in soad abdijen ta bloei en wiene dy strak organisearre yn sletten libbensmienskippen, dy't njonken it ommuorre gebouwekompleks, gauris ek it behear oer grutte lapen grûn hiene. Net allinnich op religieus, mar ek op kultureel mêd wiene abdijen fan grutte betsjutting.
It tinkbyld fan in abdij ûntwikkele him troch de iuwen hinne fan it iere kleasterlibben, dêr't muontsen en nonnen in sletten libbensmienskip foarmen, isolearre fan de wrâld om utens. In abdij kin hjoed-de-dei ek iepen foar besikers wêze. It plattegrûn fan in abdij folget in fêst plan fan de religieuze oarder dêr't er by heart.
Abdijen binne almeast selsfoarsjend, wylst se gauris ek de mooglikheden hawwe de earmen te fersoargjen, in taflecht foar flechtelingen wêze kinne, en ûnderrjocht foar jongeren biede kinne. Ek biede guon abdijen in ferbliuw oan foar minsken dy't ferlet hawwe fan in spirituele retrête. Hjoed-de-dei binne der noch in soad ferneamde abdijen ynJeropa en itMiddellânske Seegebiet.
In abdijmienskip wurdt foarme by muontse- en nonnekleasters fan de earste of twadde oarder, benammen by de oarders fan debenediktinen,sistersjinzers,kartuzers ennorbertinen. De leden fan in abdijmienskip wurde muontsen neamd en libje neffens inkleasterregel. Om in abdij te stiftsjen binne der op syn minst tolve leden nedich.
Abdijen wurde boud neffens in strange arsjitektuer:
It konvint: de gebouwen wurde bewenne troch muontsen. Yn it midden is der almeast in binnenplak, mei oan ien kant de kleastergong dy't tagong jout ta de oare gebouwen. Tsjin de tsjerkebeuk is almeast de noardlike wjuk fan it kleaster boud. Itrefektoarium leit almeast oan de súdkant mei dêrboppe itdormitoarium. Dekapittelseal leit tichteby itkoer fan de tsjerke. Dêrwei wurdt de abdij bestjoerd, it deistich wurk regele en deabt keazen.
lânbou en/of ambachtsône: allegear aktiviteiten fine dêr plak lykas it soargjen foar siken en ferwûnen, it meitsjen fantsiis, in smidderij, it meallen fannôt yn wyn- en wettermûnen, en it brouwen fanbier. De pachter fan de abdijpleats en de alle ambachtslju hiene harren ûnderdak dêre. Eartiids wie dat gauris in folslein doarp.
ynfloedsône: it gebiet dêr't de abdij ynfloed op hat. De abdij is in geastlik sintrum en tsjinnet dekarspels yn de omkriten.
De dei begjint by guon oarders om likernôch 4/5 oere moarns en einiget om likernôch 20/21 oere, ôfhinklik fan de seizoenen. Gebed, wurk, en geastlike lektuer wikselje inoar ôf. It oeregebed bestiet út it sjongen fanpsalmen, it útsprekken fan gebedden, en it foarlêzen fanBibelteksten. Dêrnjonken wurde der persoanlike gebedden dien.