Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Aartsdiaken

Ut Wikipedy
Gryksk-Otterdokse diaken

Inaartsdiaken is hjoed-de-dei in earetitel yn deRoomsk-Katolike Tsjerke, dy't troch debiskop takind wurdt oan ingeastlike mei in bepaald bestjoersfoech.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan defjirde iuw ôf wie de aartsdiaken in folmacht fan de biskop, dy't ek de lieding hie by it ferpartsjen fanielmissen. Stadichoan krige er ek wichtigere bestjoerssaken, lykasfisitaasjes meitsje oanparochys. Ek wie er fertsjintwurdiger fan de biskop bykonsilys.

Fan deachtste iuw ôf waard de funksje fan in aartsdiaken wichtiger. Hy naam de taken fan de biskop waar yn in bepaald gebiet fan inbisdom. Hy krige wijings-, bestjoers- en rjochtsmacht. Yn guon bisdommen wie in aartsdiaken gauris noch inkoerbiskop (in soarte fan "lânbiskop", foar in "stedsbiskop" oer) neamd

Yn dealfde iuw waard de aartsdiaken in tsjerklike funksjonaris yn in bepaald gebiet, inaartsdiakonaat, en oefene in selsstannige macht út. Hy stie oan it haad fan it aartsdiakonaat en ien fan syn taken wie it hâlden fan itseendrjocht, de leechste tsjerklike rjochtbank. Yn deFrânske Tiid waarden de aartsdiakonaten opheft en dêrmei ferdwûn ek de funksje fan in aartsdiaken.

Hjoed-de-dei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei is aartsdiaken in earetitel foarfikarissen of foar de deken fan itkapittel. It aartsbisdomParys hie oant 1966 noch aartsdiakens en deAnglikaanske Tsjerke hat hjoed-de-dei noch aartsdiakens.

Easterske tsjerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn deOtterdokse en deEastersk-Katolike tsjerken is de aartsdiaken in wijdediaken dy't in âldere posysje mei ferantwurdlikens en eare hat, dy't ûnder de pleatslike biskop falt. Yn de Russyske tradysje, is in aartsdiaken inmuonts, dy't ta de selibatêre swarte geastlikens heart. Dat is ta ûnderskaat fan deselde âldere posysje en eare dy't de protodiaken, dy't ta de troude of selibatêre wite geastlikens heart, hat. Yn de Grykske tradysje, dêr't de titel protodiaken net bestiet, heart in aartsdiaken ta de troude of selibatêre geastlikens. Der is ornaris mar ien aartsdiaken of protodiaken yn inkleaster ofparochy yn inbisdom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (dú)Archidiakon ynLexikon für Theologie und Kirche (1957)
  • (ned)R.R. Post -Kerkgeschiedenis van Nederland in de Middeleeuwen (1957)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Aartsdiaken&oldid=1007921"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp