Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

2 Henoch

Ut Wikipedy
2 Henoch
algemiene gegevens
auteuranonimus
taalAldgryksk
foarmnon-fiksje
sjenrereligiosa
skreaunbegjin jiertelling (?)

2 Henoch, ek wol bekend asHenoch (Tsjerkeslavysk) ofGeheimen fan Henoch, is in algemien asapokryf beskôgereligieuze tekst, besibbe oan itAlde Testamint fan 'eBibel. Ornaris wurdt tocht dat it fanjoadske oarsprong wêze moat, mar in minderheid fan 'e bibelwittenskippers sjocht it as in ier-kristlike tekst. Yn 'e regel wurdt it datearre yn 'eearste iuw; inkelen wolle hawwe dat it fan letter datum is.2 Henoch moat net betize wurde de grutdiels ûnbesibbe geskriftenHenoch of1 Henoch en3 Henoch. Neffens de tekst fan2 Henoch soe deskriuwer de bibelske persoanHenoch wêze, de oerpake fanNoäch, dy't ynGenesis 5:21-24 neamd wurdt, mar dat is inpseudepigrafyske taskriuwing, en de wiere auteur is anonym.

Oerlevering

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

2 Henoch is yn syn folsleinens inkeld oerlevere yn itAldtsjerkeslavysk, indeade taal dy't foarhinne troch in protteeastersk-otterdokse tsjerken astsjerketaal brûkt waard (no ferfongen troch it jongereTsjerkeslavysk, dat krektlyk in deade taal is). Der besteane mear as tweintich Aldtsjerkeslavyske manuskripten fan2 Henoch, datearjend fan 'efjirtjinde oant deachttjinde iuw. Men is fan tinken dat de âldsten dêrfan weromgeane op in ferlern gienGryksktalich orizjineel. Yn2009 waard bekendmakke dat der no ek guonKoptyske fragminten fan2 Henoch identifisearre binne.

De opnimming fanHenoch, op in bibelyllústraasje út1728.

Ynhâld

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

2 Henoch kin opdield wurde yn fjouwer parten. Yn it earste diel (2 Hen. 1-21) wurdt Henoch, dy't dan al 365 jier âld is, troch twaingels meinommen op in reis troch de earste seis fan 'e sân himels hinne. Yn 'e earste himel hâlde ingels tafersjoch opatmosfearyske ferskynsels; yn 'e twadde himel wurde opstannige ingels finzen holden; de trêde himel blykt sawol itparadys as dehel foar deminsken te omfetsjen; yn 'e fjirde himel befine har desinne en demoanne; yn 'e fyfde himel moetet Henoch guon treurjende ingels, dy't er oerhellet om harrenliturgyske tsjinst wer op te nimmen; en yn 'e sechsde himel wurde troch ingels dekosmos en alle folken dêryn bestjoerd.

Yn it twadde diel (2 Hen. 22-37) wurdt Henoch, no laat troch deaartsingelGabriël, talitten ta de sânde himel, dêr't er him fan gesicht ta gesicht ûnderhâldt meiGod. Neitiid wurdt ersalve troch de aartsingelMichael en kriget er itselde oansjen as de ingels. God oarderet de ingel Vereviël dan om oan Henoch 360 boeken te diktearjen oer alles dat der te witten falt. Letter fertelt God sels oan Henoch alle geheimen fan 'eskepping ôf oan 'eSûndfloed ta, dêr't sels de ingels neat fan witte. Uteinlik wurdt Henoch foar tritich dagen weromstjoerd nei de ierde.

It trêde diel (2 Hen. 38-68) is in list fan doktrinêre enetyske foarskriften dy't Henoch oan syn soannen jout. Foar it meastepart komme dy del op it leafhawwen fan alle libbenen dingen. Opfallend is dat hjir net ien kear ferwiisd wurdt nei deWet fan Mozes, noch wurdt der (oars as yn 'e Bibel) ek mar ienich omtinken skonken oan 'e sûnde fanûntucht. As de tritich dagen om binne, wurdt Henoch foar ivich opnommen yn 'e himel.

It fjirde en lêste diel (2 Hen. 69-73), dat soms ek wol oantsjut wurdt as deFerheffing fan Melchisedek, wurdt Henoch syn opfolging as preester yn beskreaun.Metûsjelach en Nir, Henoch syn soan en pakesizzer, ferfolje dat amt as in soarte fan tuskenoplossing. Uteinlik giet it oer opMelchisedek (sjoch:Genesis 14:17-24), fan waans wûnderlike berte wiidweidich ferhelle wurdt. Yn 'e langere manuskripten einiget dit diel mei in koarte beskriuwing fan 'e stjalprein foarôfgeande oan 'e Sûndfloed. Der wurdt wol tocht dat deFerheffing fan Melchisedek oarspronklik in selsstannige tekst wie, dy't letter oan2 Henoch tafoege is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan deBibel
Apokrife boeken besibbe oan itAlde Testamint
Gebedens:Joazef |Manasse |Salomo |Geheime Boeken:Ezechiël |Jeremia |Himelfearten:Jesaja |Mozes |Iepenbierings:Abraham |Adam |Daniël (Gryksk) |Elía |Ezra (Gryksk) |Ezra (Joadsk) |Mozes |Sedrach |Sefanja |Serûbbabel |Psalmen:Lieten foar it Sabbatsoffer |Oaden |Psalm 151 |Psalmen 152–155 |Psalmen fan Salomo |Testaminten:Abraham |Adam |Izaäk |Jakob |Job |Mozes |Salomo |Tolve Aartsfaars |Oar:1 Barûch |2 Barûch |3 Barûch |4 Barûch |Boete fan Jamnes en Mambres |Brief fan Jeremia |Ester (Gryksk) |Ezra (Gryksk) |Ezra (Latyn) |Fizioen fan Ezra |Fragen fan Ezra |1 Henoch |2 Henoch |3 Henoch |De Jakobsljedder |Jezus Sirach |Joazef en Asnat |Josippon |Jubileeën |Judit |Kommentaar op Habakuk |It Libben fan Adam en Eva |De Libbens fan de Profeten |1 Makkabeeërs |2 Makkabeeërs |3 Makkabeeërs |4 Makkabeeërs |5 Makkabeeërs |Makkabeeërs (Etiopysk) |1 Meqabyan |2 Meqabyan |3 Meqabyan |Mienskipsregel |Noäch |Oarlochsrôle |Pseudo-Ezechiël |Pseudo-Filo |Regel fan de Gemeente |Regel fan de Seinging |Reuzen |Skeel fan Adam en Eva mei Satan |Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip |Skiednis fan de Rekabiten |It Swurd fan Mozes |Taheakken op it Boek Daniël (Azarja •Suzanne •Bel en de Draak) |Tobit |Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan itNije Testamint
Berne-evangeeljes:Jakobus |Mattéus |Syrysk |Tomas |Brieven:Aleksandrinen |Apostels |Barnabas |1 Klemins |2 Klemins |3 Korintiërs |Korintiërs oan Paulus |Laodikers |Oan de Romeinen |Petrus oan Filippus |Pseudo-Titus |Seneka de Jongere |Smyrneeërs |Strange Brief |Trallessiërs |Evangeeljes:Barnabas |Bartoloméus |Basilides |Diatessaron |Ebioniten |Egyptners (Gryksk) |Egyptners (Koptysk) |Filippus |Hebreeërs |Jakobus |Judas |Many |Marije Magdalena |Markus (Geheim) |Marsion |Mattias |Nazareners |Nikodémus |Petrus |Pilatus |Pseudo-Mattéus |Tomas |Wierheid |Geheime Boeken:Jakobus |Jehannes |Hannelingen:Andréas |Andréas en Mattias |Barnabas |Filippus |Jehannes |Ksantippe, Polyksena en Rebekka |Paulus |Paulus en Tekla |Petrus |Petrus en Andréas |Petrus en Paulus |Petrus en de Tolve |Pilatus |Timóteüs |Tomas |Iepenbierings:Paulus |Paulus (Koptysk) |Petrus |Petrus (Gnostysk) |Petrus (Koptysk) |Tomas |Underrjocht:Didachê |Kanons fan de Apostels |Underrjocht fan de Apostels |Oar:Boek fan Tomas |Boete fan Origenes |It Delkommen fan Marije |Fragen fan Bartoloméus |Hanneling fan Petrus |De Hoeder fan Hermas |It Libben fan Jehannes de Doper |Nepos |Passy fan Petrus en Paulus |De Skatspelonk |Traktaat oer de Weropstanning |Twadde Traktaat fan de Grutte Set |Underrjocht fan Silvanus |Weropstanning (Bartoloméus) |Wysheid fan Jezus Kristus
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=2_Henoch&oldid=1018975"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp