Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

1930-er jierren

Ut Wikipedy
1930-er jierren
De Grutte Depresje. Wurkleazen by in gearkoken yn Chicago (febrewaris 1931).
DeGrutte Depresje.Wurkleazen by ingearkoken ynChicago (febrewaris1931).
<< 1920-er jrn    1930-er jrn    1940-er jrn >>
1930      1931      1932      1933      1934
1935      1936      1937      1938      1939

De1930-er jierren, ek oantsjut as detritiger jierren en dejierren ’30, wiene indesennium fan 'e20e iuw neffens deGregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op1 jannewaris1931 en duorre it oant en mei31 desimber1940, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan1 jannewaris1930 oant en mei31 desimber1939. Dit desennium stie benammen yn it teken fan in djippeekonomyske krisis dy't deGrutte Depresje neamd wurdt, en dy't foar in soadwurkleazens enearmoede soarge. Dêrnjonken wiene de tritiger jierren in tiid fan oanboazjende spannings ynJeropa, feroarsake troch de opkomst fan itfaksisme yn ferskate lannen en it dêroan besibbenasjonaal-sosjalisme ynDútslân, dêr't yn1933Adolf Hitler oan 'e macht kaam. It desennium markearre de ein fan itYnterbellum en einige mei deDútske ynfal yn Poalen, ynseptimber1939, dy't it begjin fan 'eTwadde Wrâldoarloch betsjutte.Kultureel wiene de 1930-er jierren in perioade fan oanboazjendekekenens ensensuer, wat him û.m. utere yn 'e ein fan itPre-Code-tiidrek ynHollywood yn1934.

Oersjoch

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De 1930-er jierren binne suversynonym mei deGrutte Depresje, in perioade fan grutteekonomyske tebekgong, dy't ek wol bekendstiet ûnder de oantsjutting fan 'eKrisisjierren. Dy snuorje sette útein mei debeurskrach fan 1929 en duorre dêrnei goed tsien jier, oant yn1939 deTwadde Wrâldoarloch útbriek. De Grutte Depresje hie intraumatysk effekt op 'e hielewrâldekonomy, mar kaam benammen yn 'eWesterske wrâld hurd oan. De ekonomyske krisis late ta wiid ferspratewurkleazens en dêrtroch ta grutteearmoede.

Yn 'eFeriene Steaten boaze it effekt fan 'e Grutte Depresje noch oan troch it dermei gearfallende ferskynsel fan 'eDust Bowl, wêrby't dielen fan 'eGrutte Flakten troffen waarden troch oanhâldendestofstoarmen, feroarsake trochdatblankekolonisten de lânseigenprêrjebegroeiïng ferfongen troch folle minder djipwoarteleeksoatyskeplanten (ntl.nôt), dy't demoude net fêsthâlde koene. Miljoenenboeren wiene dêrtroch twongen om krekt yn in tiid fan ekonomyske krisis harren lân te ferlitten en in better bestean yn 'estêden te sykjen. De AmerikaanskepresidintHerbert Hoover makke de swierrichheden noch slimmer mei syn mislearre besykjen om 'ebegrutting yn lykwicht te bringen, wêrfoar't er debelestings ferhege. Yn1933 keazen de Amerikanen dêrom foar him yn 't plakFranklin D. Roosevelt ta presidint, dy't deNew Deal yntrodusearre, in belied basearre op 'ekeynesiaanske teory, wêrby't deoerheid krekt mearjild yn 'e ekonomy pompte. Dat barde troch opdracht te jaan foar de bou fan grutteynfrastrukturele projekten, lykas de oanlis fan 'eHooverdaam byLas Vegas en fan ferskatekeardammen yn 'erivier deTennessee yn it ramt fan 'eTennessee Valley Authority (TVA).

De fotoMigrant Mother, trochfotografeDorothea Lange, fanFlorence Owens Thompson, in 32-jierrigemem fan 7bern op 'e siik nei in better bestean ynNipomo, ynKalifornje, ynmaart1936. Dit waard ien fan 'e bekendste bylden fan 'eGrutte Depresje.

EkDútslân hie tige slim fan 'e Grutte Depresje te lijen, wat feroarsake waard troch de swiereferhelbetellings dy't it lân nei deEarste Wrâldoarloch troch deAlliëarden oplein wiene. De ekonomyske misêre wie ien fan 'e wichtichste faktoaren dy't derfoar soargen dat de Dútsers yn mearderheid har nocht hiene fan 'e swakkeWeimarrepublyk, dy't oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch oprjochte wie. Dêrfoar yn 't plak brochten se sadwaande yn1933Adolf Hitler oan 'e macht, de lieder fan 'e ekstreem-rjochtseNasjonaal-Sosjalistyske Dútske Arbeiderspartij. Hitler loek neitiid alle macht nei himsels ta en regearre it lân asdiktator. Hy sette útein mei in politike kampanje dy't Dútslân wer grut meitsje moast. Stappen op 'e wei nei dat doel wiene deReynkorporaasje fan it Saargebiet en dewerbewapening fan Dútslân yn1935, deRemilitarisaasje fan it Rynlân yn1936, deAnschluß fanEastenryk en deanneksaasje fan it Sudetenlân yn1938, en deanneksaasje fan Bohemen en Moraavje, deanneksaasje fan Danzig en deDútske ynfal yn Poalen yn1939. Uteinlik late Hitler syn belied dêrmei ta it útbrekken fan 'eTwadde Wrâldoarloch.

Ek yn in soad oare lannen waard yn 'e 1930-er jierren dediktatuer ynsteld, lykas ynEstlân,Letlân,Eastenryk,Roemeenje,Bulgarije,Albaanje,Grikelân en in stikmannichLatynsk-Amerikaanske steaten. YnSpanje briek yn1936 deSpaanske Boargeroarloch út, dy't nei jierren fan bloedige striid einige mei de oerwinning fangeneraalFrancisco Franco en de ynstelling fan infaksistyske diktatuer yn dat lân. Dútslân wie lykwols in gefal apart fanwegen it ynstitúsjonalisearreantysemitisme dat Hitler en syn oanhingers dêr yntrodusearren, û.m. mei deNeurenberger Wetten. Dyjoadehaat boaze geandewei fierder oan en berikte oan 'e ein fan 'e jierren tritich in hichtepunt yn 'eKristallnacht fan1938. Uteinlik soe it, ûnder deTwadde Wrâldoarloch útrinne op ingenoside op suver yndustriële skaal: deHolokaust.

DeWesterskedemokrasyen, mei de ferskrikkings fan 'erinfuorgen fan 'eEarste Wrâldoarloch noch klear foar eagen, lieten yn dit twadde desennium fan itYnterbellum in opmerklike slopheid blike as it gie om lannen as Dútslân ta de oarder te roppen. Dy saneamdeappeasement, in polityk fanfermoedsoening troch it dwaan fan konsesjes, berikte ynseptimber1938 syn hichtepunt mei it sluten fan itFerdrach fan München, wêrby't itFeriene Keninkryk enFrankrykTsjechoslowakije opofferen om 'efrede mei Dútslân te bewarjen. Sok belied bea mooglikheden oan sterkere lannen om swakkere lannen meigeweld te oermasterjen sûnder dat dêr wat tsjin dien waard, útsein de almar wanhopiger oproppen tawrâldfrede troch itFolkebûn. Sa waard itAfrikaanske lânAbessynje ûnder deTwadde Italjaansk-Abessynske Oarloch fan1935-1936 ferovere en beset trochItaalje, wylstJapan yn1937 deTwadde Sineesk-Japanske Oarloch begûn en grutte dielen fanSina besette.

AkteurClark Gable yn 'erol fan Rhett Butler yn 'eAmerikaanskefilmklassikerGone with the Wind (1939).

Underwilens wie yn 'eSovjet-UnyJosef Stalin dwaande mei de konsolidaasje fan syn macht. Oanhâldend liet er wiere en fermiende tsjinstanners út alle rangen en stannen fan 'emaatskippijlikwidearje, wat geandewei de 1930-er jierren útrûn op 'e ferskrikkings fan 'eGrutte Suvering, dy't duorre fan1936 oant1938. Tagelyk waard ek op folslein ûnmeilydsume wize dekollektivisaasje fan de lânbou trochfierd, mei as gefolch deSovjet-hongersneed fan 1932-1933, wêrby't miljoenen minsken omkamen, benammen yn 'eOekraïne. YnSina wiene denasjonalisten en dekommunisten noch altyd ferwikkele yn 'eSineeske Boargeroarloch. Yn 'ekoloanjes fanAfrika,Súd-Aazje enSúdeast-Aazje begûn debefolking stadichoan mear selsbewust te wurden. Lieders asMahatma Gandhi ynBritsk-Ynje,Hồ Chí Minh ynFrânsk-Yndo-Sina enSoekarno ynNederlânsk-Ynje, begûnen oan te kringen op in ein oan 'e Westerske oerhearsking.

DeBritsk-Yndyskenasjonalistyske foaroanmanMahatma Gandhi op synSâltmars nei desee, yn1930.
Franklin D. Roosevelt waard yn1933presidint fan 'e Feriene Steaten.
Untdekking fan 'eplaneetPluto (1930).

Wichtichste foarfallen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
1930
Japansketroepen tsjogge deSineeskestêdMukden binnen, op18 septimber1931. It begjin fan 'eJapanske ynfal yn Mantsjoerije.
ItEmpire State Building wie it heechstegebou fan 'e wrâld, doe't it yn1931 reekaam.
1931
Paraguayaanskesoldaten yn 'eChaco-oarloch (1932-1935) meiBolivia.
DeSovjet-hongersneed fan 1932-1933: deliken fanhongerdeaden lizze op 'estrjitten fan 'eOekraynskestêdCharkov.
ItKolombiaanskeleger slacht inPerû-viaanske oanfal ôf ûnder deKolombiaansk-Perûviaanske Oarloch (1932-1933).
1932
DeAmerikaanskepresidintFranklin D. Roosevelt (sittend) ûndertekenet yn it ramt fan synNew Deal dewet wêrmei't deTennessee Valley Authority (TVA) oprjochte wurdt, op18 maaie1933.
Adolf Hitler kaam yn1933 oan 'e macht ynDútslân.
Dachau waard yn1933 as earstekonsintraasjekamp fannazy-Dútslân oprjochte.
1933
Wurkferskaffing yn 'eFeriene Steaten.
KeningAleksander I fan Joegoslaavje waard yn1934 ynMarseillefermoarde.
1934
DeDust Bowl: instofstoarm komt yn1935 opStratford, ynTeksas, ta.
Benito Mussolini (l.) enAdolf Hitler (rj.) dediktators fanItaalje ennazy-Dútslân, nimme inmilitêre parade ôf.
1935
Italjaanskeartillery ûnder deTwadde Italjaansk-Abessynske Oarloch (1935-1936).
DenegroïdeAmerikaanJesse Owens wûn op 'eOlympyske Spullen fan1936 ynnazy-Dútslân 4gouden medaljes.
1936
Ruïnes nei itBombardemint fan Guernica yn 'eSpaanske Boargeroarloch.
ItDútskeloftskip deHindenburg ûntploft op6 maaie1937 yn 'eloft boppeLakehurst, yn 'eFeriene Steaten.
DeBritskepremierNeville Chamberlain tocht dat erHitler yn 'e stringen hâlde koe mei in belied fanappeasement.
1937
Japansketroepen yn aksje byKanton, yn1938, ûnder deTwadde Sineesk-Japanske Oarloch.
DeAnschluß:Dútsketroepen wurde yn 'eEastenrykskehaadstêdWenen ynhelle troch in entûsjaste mannichte.
ItFerdrach fan München wurdt sletten: f.l.n.rj. (foarste rige):Neville Chamberlain, depremier fan itFeriene Keninkryk;Édouard Daladier, de premier fanFrankryk;Adolf Hitler,diktator fannazy-Dútslân;Benito Mussolini, diktator fanItaalje; engreveGaleazzo Ciano,minister fan Bûtenlânske Saken fan Itaalje.
1938
AktriseJudy Garland yn deAmerikaanskefilmklassikerThe Wizard of Oz (1939).
Dútskesoldaten ûntmantelje in grinspost tuskenPoalen en deFrije Stêd Danzig, ynseptimber1939.
DeDútske ynfal yn Poalen:Dútsketanks yn de neite fan dePoalskestêdBydgoszcz.
Poalen sette nochlansiers op hynders yn tsjin deDútsketanks.
De ferovering fanPoalen trochnazy-Dútslân en deSovjet-Uny yn1939.
1939

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory1930s fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=1930-er_jierren&oldid=1099363"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp