½¢¹, 1¢, 2¢¹, 3¢¹, 5¢, 10¢, 20¢¹, 25¢, 50¢, $1, $2.50¹, $3¹, $5², $10², $20¹ ¹)net mear slein, wol legaal ²)inkeld by spesj. gelegenhdn.
papierjild
$1, $2 $5, $10, $20, $50, $100, $500¹, $1.000¹, $5.000¹, $10.000¹ ¹)net mear printe, wol legaal
DeAmerikaanske dollar is sûnt1785 de nasjonale muntienheid fan deFeriene Steaten. Ek yn inkele oare lannen wurd de munt brûkt as muntienheid. De wikselkoers tusken deeuro en de dollar is bygelyks €1,- tsjin $1,29. De offisjele ISO-4217-kôde fan de dollar is USD.
Fan deTwadde Wrâldkriich ôf is de dollar de saneamde ‘anker-faluta’. Dit hâld yn dat de priis fan wichtige grûnstoffen as goud, sulver en oalje yn dollars út drukt wurdt. Sûnt de resesje dy’t de wrâld yn2002 trof komt hjir feroaring yn. De euro wurdt wrâldwiid hieltyd in wichtiger munt, en ek it Sineeskerenminbi is dwaande in wichtige muntienheid te wurden.
Net allinnich de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske dollar. Ek in ferskaat oan oare lannen hat dizze munt as muntienheid ynfiert. Dizze lannen binne:
Der binne fierders 29 muntienheden dy't infêste wikselkoers mei de dollar hawwe, d.w.s. dy't oan 'e dollar fêstmakke binne en dêrom ôfhinklik fan 'e dollarkoerts binne:
Ien dollar is ferdield yn hûndert sinten. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25 en 50 sint. Ek is der in ien dollar munt, mar dizze wurdt relatyf net safolle brûkt.
Op de munten fan 25 sint, ek wol ‘Quarters’ neamd, dy’t tusken1998 en2008 drukt wurde stiet in opdruk fan in staat fan Amearika, lykas by de euro.
Bankbiljetten binne der fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. Yn de Feriene Staten ha der oant1969 ta ferskeidene biljetten beston mei in nominale wearde fan somtiden wol 100.000 dollar. Mar dizze binne út de merke helle. It dollarbiljet fan 2 dollar wurd hast net mear brûkt, dizze liket folle op it biljet fan 1 dollar en de buorgers binne bang foar betizing.