Hainan (Sineesk: 海南;Mandarynskepinyin-transliteraasje:Hǎinán; Kantoneeske jyutping-transliteraasje:Hoi2naam4; Hainaneesk:Hái-nâm) is it grutsteeilân fanSina, dat foar dekust fan 'eprovinsje Guangdong yn 'eSúdsineeske See leit. Sûnt1988 is it eilân ek inprovinsje op himsels: de lytste en súdlikste fan Sina. Behalven Hainan sels rekkenet it Sineeskeregear ek trije ûnbewenneeilannegroepen yn 'e Súdsineeske See ta de provinsje, dy't ferspraat lizze oer in ôfstân fan tûzenenkilometers. Gjin inkeld oar lân yn 'e wrâld erkent dy oanspraak en ferskate oare lannen ynSúdeast-Aazje hawwe eigen oanspraken op 'e eilannen. Debefolking fan Hainan bestiet foar mear as fjouwerfyfde útetnyske Han-Sinezen, dy't foar it meastepart Hainaneesk sprekke, indialekt fan it Hokkineesk. De grutste lânseigen groep fan Hainan wurdt foarme troch de Li of Hlai, dy't krapoan 16% fan 'e befolking útmeitsje. Neffens defolkstelling fan2020 hie Hainan doe goed 10 miljoen ynwenners. Dehaadstêd en tagelyk grutstestêd fan it eilân en de provinsje is Haikou, oan 'e noardkust. Sanya, oan 'e súdkust, is it bekendstebaaiplak fan Sina en in wichtige binnenlânsketoeristyske bestimming foar miljoenen Sinezen.
Besikers kinne mei deTemasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei deKwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen byParse.
Nije skriuwers kinne altydMeidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytseRegels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hjaIenfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder deGNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.